Cambuur Sjoernaal: Ljouwerters kamen net troch taaie Eindhovenaren hinne

Cambuur spile freedtejûn thús tsjin FC Eindhoven. In taaie tsjinstanner, dy't bepaald net nei Ljouwert kommen wie om ris foar de winst te fuotbaljen.
Eindhoven hie 'de bus parkeard' en dat makke it foar Cambuur dreech om goals te meitsjen. Dochs seach it der nei út dat de Ljouwerters de folle winst pakke soene, doe't sy yn de twadde helte op in 2-1 foarsprong kamen. Eindhoven kaam lykwols noch in kear werom. Einstân: 2-2.
Alles oer dizze wedstriid yn it Cambuurjoernaal