Liveblog | 2 desimber 2023

112-nijs 2 desimber: Warskôging foar snie en glêdens

Yn dit liveblog hâlde we dy op de hichte fan it lêste 112-nijs yn Fryslân. Hjir fynst in oersjoch fan ûnder oare ûngelokken, brannen en ferkearsynformaasje yn ús provinsje.

Lêst bywurke: 2 desimber 2023, 17:20
17:20

Jan Jonkman ferwachtet gjin koade oranje foar Fryslân

Harkje nei it lêste waarberjocht fan Jan Jonkman
Waarman Jan Jonkman ferwachtet gjin koade oranje mear foar Fryslân. Wol is der jûn kâns op winterske buien, dy't foar glêdens soargje kinne, seit er.
"De temperatueren binne al behoarlik sakke. Se lizze no om it friespunt hinne. Jûn en fannacht moatte we oppasse foar glêdens."
17:16

Warskôging foar snie en glêdens, koade oranje yn Hollân

ANP
ANP © ANP
It KNMI warskôget foar snie en glêdens. Wiete parten fan de dyk kinne opfrieze, meldt it waarynstitút.
Yn Fryslân jildt koade giel fan 20:00 oere ôf oant en mei moarnier. Yn de nacht fan snein op moandei jildt sa't it no liket opnij koade giel. Yn Noard en Súd Hollân jildt koade oranje.
Izel is dreech mei sâlt te bestriden, meldt Rykswettersteat. "Door de winterse neerslag verdunt het zout dat al op de weg ligt. Daarnaast bevriest de neerslag zodra die op het koude wegdek komt en vormt een ijslaag bovenop het zout."
15:28

Garaazje folslein ôfbaarnd, wenhûs sparre

Brân Noardwâlde
It hús foar de garaazje © Camjo Media
It garaazjebedriuw is folslein ferlern gong by de brân.
It wenhûs foar de garaazje is behâlden. Der is wol lichte reek- en wetterskea.
14:50

Sein brandmeester is jûn yn Noardwâlde

In soad reek by de brân yn Noardwâlde
In soad reek by de brân yn Noardwâlde © CAMJO media
De brân yn Noardwâlde is ûnder kontrôle, dat meldt de brânwacht.
In heechwurker hellet dielen fan it bedriuw út elkoar sadat de brânwacht it fjoer hielendal goed út krije kin.
14:43

Brânwacht: Asbest net yn omjouwing telâne kaam

"Der wie in hiel soad reek doe't we hjir oankamen"
De asbest is op it terrein fan it garaazjebedriuw bleaun, en hat him net yn de fierdere omjouwing ferspraat. Dat seit Baukje de Wal fan de Fryske brânwacht.
De brânwacht hat mjittingen dien dy't dat útwize.
14:38

Bylden fan de brân by it garaazjebedriuw

Brân by garaazjebedriuw mei asbest