Teloarstelling troef nei soer lykspul: "Eindhoven thuis moet je sowieso winnen"

Teloarstelling oerhearsket by Cambuur
Teloarstelling oerhearsket by Cambuur © Dijks Media
It lykspul tsjin Eindhoven fielt as ferlies foar Cambuur. Yn Ljouwert oerhearsket de teloarstelling, al hat de ploech fan Henk de Jong no al acht wedstriden op rige net ferlern.
"Thuis tegen Eindhoven moet je sowieso winnen", seit ferdigener Léon Bergsma. Hy jout bot ôf op de spulwize fan Eindhoven.
Léon Bergsma: "We moeten een oplossing vinden voor dit soort teams"
"Ik had het gevoel dat ze met elf man in het eigen zestien-metergebied speelden. Dat verdient niet de schoonheidsprijs", seit Bergsma, "maar misschien is het ook wel een compliment naar ons, dat ze voor deze tactiek gekozen hebben."
It is dreech spyljen tsjin in ploech dy't de boel achteryn sa ticht set, seit Bergsma. "Tegen amateurs is dat al lastig, als een profclub dat doet is het nog lastiger."
Cambuur hat no al acht wedstriden op rige net ferlern, as je de bekerwedstriid tsjin MVV meitelle. Bergsma is der bliid mei dat dy rige no net trochbrutsen wurdt. "Als je niet wint, moet je niet verliezen. Maar thuis tegen Eindhoven horen wij te winnen."

Neat oan

It kin samar wêze dat der mear ploegen komme dy't sa bot ferdigenje, tinkt trainer Henk de Jong. "Foar it publyk is dêr neat oan, en foar ús ek net."
"We spylje hjir tsjin in muorre, en dan moatte je hiel geduldich wêze."
Henk de Jong: "We ha it in pear kear lizze litten yn de omskeakeling"
Cambuur stie mei 2-1 foar. As Henk de Jong doe de boel achteryn ek ticht set hie, wienen de trije punten wol yn Ljouwert bleaun, tinkt er sels.
"Achterôf hiene wy ek mei fiif ferdigeners spylje moatten", seit er. Mar hy die it net. "Want dan roppe je it soms ek oer jesels ôf, dat je dan ferlieze, omdat je net mear oanfalle."