Ljouwert is boaiembistestêd fan 2023

Alie en Lysbet mei in selsmakke knuffel fan in wjirm
Alie en Lysbet mei in selsmakke knuffel fan in wjirm © Omrop Fryslân
Ljouwert is útroppen ta Boaiembistestêd fan 2023. De gemeente set him it meast yn foar de biodiversiteit yn de boaiem, fynt de organisaasje fan it boargerwittenskipsprojekt de 'Boaiembistedagen'.
De stêd wûn de saneamde 'Bodemdieren Battle', dêr't gemeenten en harren ynwenners boaiembisten foar telden. Lykas bygelyks slakken, mollen en wjirmen. De oantallen waarden trochjûn oan de organisaasje. Ljouwert die dat it faakst en neffens de sjuery mei it meast entûsjasme.
Ljouwert is Boaiembistestêd fan it jier
De priis waard yn it Natuurmuseum Fryslân útrikt oan amtner Alie Valkema en frijwilliger Lysbet Hoekstra. Se hawwe de ôfrûne tiid dwaande west om bern te learen oer wat der allegear op en ûnder de grûn libbet.
De Boaiembistepriis wurdt útrikt
De Boaiembistepriis wurdt útrikt © Omrop Fryslân
De bern meie letterlik mei de hannen yn de modder. Ek wurde se oan de hân fan boaiembisteknuffels wizer makke oer hoe't de bisten yninoar sitte en libje. Dy knuffels binne troch de froulju sels makke.

Bewust wurde

Alie en Lysbet wolle bern graach bewust meitsje fan de grûn en de wearde dêrfan. "We willen overdragen dat kinderen leren om zich heen te kijken. Dat ze er bewust van worden dat zij ook invloed hebben op de grond", seit Lysbet.
Sa dogge se bygelyks in ûndersyk oer de trochlitberheid fan de grûn. Se stampe it oan en jitte der wetter op. "Toen er na anderhalf uur nog steeds geen water doorheen was gelopen, wilden de kinderen graag aan de rest van de school vertellen dat ze op de paden moeten lopen en niet ernaast. Dat is precies wat we willen bereiken."

Boaiembisten telle

Ekologen krije mei de 'Bodemdieren Battle' wichtige ynformaasje oer it boaiemlibben yn de beboude kom. Minsken kinne yn harren eigen tún sykje nei de bisten. Dy binne opdield yn tsien groepen, lykas slakken, spinnen en wjirms.
De 'Boaiembistekaart'
De 'Boaiembistekaart' © Omrop Fryslân
It is de keunst om de bisten út alle kategoryen te finen. Dat is net altyd maklik seit ûndersiker Ron de Goede fan de Universiteit Wageningen: "Vaak komen er maar zes van de tien soorten voor."
Hoe je omgaat met je tuin is belangrijk.
Gerard Korthals, ûndersiker
Oan de hân fan de telling krije minsken in skoare foar harren tún. Yn Ljouwert is it gemiddelde in sân, dat is sawat gelyk oan de rest fan Nederlân. Dochs sitte der útsjitters by, lykas in 'tiny forest' yn Ljouwert. Dy krige in 9.8. "Dat betekent dat alle tien groepen dieren daar voorkomen in hoge getalen", ferklearret ûndersiker Gerard Korthals.
It oantal boaiembisten is sterk ôfhinklik fan hoe âld en grien it stik grûn is. Dat kin yn Nederlân folle better, fynt Korthals. "Niet alleen je tuintype, maar ook hoe je omgaat met je tuin is belangrijk. Door bijvoorbeeld de bladeren te laten liggen."