Hearrenfean set opmars troch: neat te heljen foar Almere City

Pelle van Amersfoort iepene de skoare tsjin Almere City FC
Pelle van Amersfoort iepene de skoare tsjin Almere City FC © Orange Pictures
Foar de twadde wike op rige hat Hearrenfean thús mei 3-0 wûn. Ferline wike moast Fortuna Sittard deroan leauwe, no wie Almere City FC it slachtoffer.
Trainer Kees van Wonderen stjoerde deselde alve spilers it fjild yn as ferline wike. Dat betsjutte opnij in basisplak foar Pelle van Amersfoort, de spiler dy't in ferline hat by Almere City. Yn syn eardere perioade by Hearrenfean (2014-2019) waard Van Amersfoort in seizoen ferhierd oan de doe noch earstedivyzjonist.
Van Amersfoort betelle it fertrouwen fan syn trainer út: hy skoarde twa kear. Ferdigener Sven van Beek makke de oare goal.
Opstelling sc Hearrenfean: Noppert; Braude, Van Beek, Van Ottele, Köhlert; Brouwers, Haye, Olsson; Nunnely, Van Amersfoort, Sahraoui.
Al betiid yn de wedstriid hie Van Amersfoort de 1-0 op de skoech. Hy krige de bal fan Luuk Brouwers en doelman Nordin Bakker wie al ferslein. Ferdigener Loïc Mbe Soh koe de iepeningstreffer lykwols noch krekt foarkomme.
Oan de oare kant fan it fjild krige Kornelius Hansen in grutte mooglikheid, mar Andries Noppert hold syn goal skjin.
Nei dy twa kânsen flak nei elkoar iepene Van Amersfoort nei in kertier dochs de skoare. Dat gebeurde nei't Hearrenfean de bal op it middenfjild ferovere. Simon Olsson ferlei it spul rap en joech in skerpe stekpass troch it hert fan de ferdigening. Van Amersfoort omspile Bakker en koe de bal no wol ienfâldich binnenskowe.
Hearrenfean fiert de 1-0
Hearrenfean fiert de 1-0 © Orange Pictures
Rjochtsback Oliver Braude ferwaarme dêrnei it publyk ek mei in moaie aksje. Hy ferovere de bal, omspile twa man fan Almere en helle út mei links. De bal gong krekt oer.
In pear minuten foar it skoft naam de thúsploech dochs ôfstân fan Almere. Mei in ôfmetten lange bal koe Thom Haye fanôf de middenline Mats Köhlert berikke, oan de rjochterkant fan it strafskopgebiet. Dy lei de bal mei de holle yn ien kear foar op Sven van Beek, dy't noch foaryn omhong nei in hoekskop. Hy makke syn earste goal yn twa jier: 2-0.
Sven van Beek soarge foar de 2-0
Sven van Beek soarge foar de 2-0 © Orange Pictures
Betiid yn de twadde helte hie Osame Sahraoui de wedstriid hielendal yn it slot smite kind. Olsson spile Brouwers yn, dy't de bal dêrnei meijoech oan de rappe Noar. Dy stie each yn each mei doelman Bakker, mar skeat oer.
Healwei de twadde helte wie de thúsploech opnij troch de ferdigening fan Almere hinne. Haye fûn de aktive Brouwers, dy't de djipte socht. Hy lei de bal werom op Van Amersfoort en de spits fan tsjinst koe hurd binnensjitte.
Pelle van Amersfoort sjit de 3-0 binnen
Pelle van Amersfoort sjit de 3-0 binnen © ANP
Sa wûn Hearrenfean foar de tredde kear op rige in thúswedstriid yn de kompetysje mei 3-0. De ploech klimt nei it sechsde plak yn de earedivyzje, mei 19 punten út 14 wedstriden.
Takom wike giet Hearrenfean op besite by koprinner PSV, dy't noch gjin punt ferspile hat.