Cambuur ferliest twa punten mei lykspul tsjin Eindhoven

Milan Smit
Milan Smit © Dijks Media
SC Cambuur hat twa punten ferlern mei in lykspul tsjin Eindhoven. Yn it eigen stadion waard it 2-2.
Cambuur wie oanfallend de sterkste ploech, en hie samar trije punten helje kind, mar Eindhoven ferdigene it bêste. In lykspul wie it maksimale resultaat.
Opstelling SC Cambuur: Van Osch; Tol, Smand, Bergsma, Sylla; Van Kaam, Breij, De Jong; Balk, Uldrikis, Smit.
Cambuur foel direkt nei de ôfraap al it measte oan, en Eindhoven die eins neat oars as ferdigenje, mar dy ploech kaam wol op foarsprong. Evan Rottier makke it earste doelpunt.
Al gau stie it wer lyk: fiif minuten nei de 1-0 skoarde Milan Smit, út in penalty, neidat Sekou Sylla tsjin de grûn wurke wie. Healweis de wedstriid stie it dus wer lyk.
Drokte foar de goal fan Eindhoven
Ofbylding as yllustraasje © Dijks Media
Mei it spul fan Eindhoven - massaal ferdigenje - wie it foar Cambuur lestich om in gat te finen. De 'wil om te winnen' wie der wol, mar tsjin tsien ferdigeners is it net maklik om te skoaren.
Benammen de lêste pass wie in probleem, dy kaam hieltyd net oan. De bal bedarre te faak yn de fuotten fan in tsjinstanner. Oant Roberts Uldrikis yn minút 70 dochs troch de muorre fan Eindhoven bruts.
Michael Breij makke de 2-1
Ofbylding as yllustraasje © Dijks Media
Uldrikis fûn Michael Breij, dy't de bal hurd yn de goal skeat. Doe koe Eindhoven net langer allinne ferdigenje. It joech Uldrikis in gouden kâns op de 3-1, mar Eindhoven kaam opnij op likense hichte. Yn in melee fan spilers skoarde Joey Sleegers.
Ut it spul fan Eindhoven wie op te meitsjen dat dy ploech oan ien punt genôch hie. Mei allinne de 'wil om te winnen' kaam Cambuur net mear fierder as de muorre fan Eindhoven.
Resultaat yn Ljouwert: twa punten ferlern, en ien punt wûn. It is in útslach dy't foar Eindhoven better smakket as foar Cambuur.