Plysjesjef oer útspraak sjitynsidint: 'Kin gefolgen ha foar hoe't plysje wurket'

Plysje
Plysje © ANP
De feroardieling fan in plysjeman foar poging ta deaslach kin gefolgen ha foar hoe't de plysje tenei syn wurk docht. Dat seit Joop de Schepper, plakferfangend plysjesjef fan it distrikt Noard-Nederlân.
De feroardiele plysjeman skeat ferline jier by in boereprotest op in trekker. Hy hat in taakstraf fan 80 oeren krigen en in moanne selstraf ûnder betingst. De útspraak komt "behoorlijk binnen", seit De Schepper.
Neffens de rjochtbank hat de plysje net neffens de jildende foarskriften hannele. De Schepper seit dat de útspraak gefolgen ha kin foar hoe't de plysje him yn sokke situaasjes organisearret en foar hokfoar ynstruksjes de plysjes meikrije.
Joop de Schepper, plakferfangend plysjesjef Noard-Nederlân
Joop de Schepper, plakferfangend plysjesjef Noard-Nederlân © Omrop Fryslân
"We willen immers alles in het werk stellen om het risico dat onze medewerkers in een dergelijke situatie terechtkomen zo klein mogelijk te houden", seit de plysjesjef. "Ik voel die verantwoordelijkheid en vind dan ook dat we hierop moeten reflecteren."
De Schepper seit ek dat de plysjeman op it stuit net oan it wurk is en dat mei him besjoen wurdt hoe't er it lêste stik fan syn karriêre ynfolje sil.
It sjitynsidint gebeurde op 5 july ferline jier op de A32 by It Hearrenfean, dêr't in groep boeren oan it protestearjen wie tsjin it stikstofbelied. De plysje skeat op de trekker dêr't de doe 16-jierrige Jouke Hospes yn siet. De kûgel rekke de jonge boer net, mar wol de kabine.
Jouke Hospes en de plysjeman wienen freed beiden net oanwêzich by de útspraak.