Liveblog | 3 desimber 2023

Sportnijs: Medaljes foar Groenewoud en Kok yn Stavanger | Sulver foar 'Frysk' Nederlânsk team op teamsprint

Yn dit blog hâlde wy jo op de hichte fan de lêste ûntwikkelingen oangeande de sport yn Fryslân.

Lêst bywurke: 3 desimber 2023, 22:05
snein 3 desimber 2023
22:05

UNIS Flyers winne yn België

De iishockeyers fan UNIS Flyers hawwe mei 1-3 wûn fan Herentals yn de heale finale fan de BENE Cup.
Fia Roope Niskanen namen de Belgen earst de lieding, mar troch goals fan Ernesto Klem en Jasper Nordemann wie it nei de earste perioade 1-2.
Yn de twadde perioade fergrutte Klem de skoare nei 1-3.
Herentals hie de earste wedstriid, sneon yn Thialf noch mei 1-2 wûn.
18:04

Bruinsma wint 50 meter frije slach

Paraswimster Liesette Bruinsma hat de 50 meter frije slach wûn by de Rotterdam Qualification Meet. Se sette in tiid fan 30,69 del.
Marrit Steenbergen is yn de A-finale tredde wurden op dyselde ôfstân. Allinnich Katarzyna Wasick en Neza Klancar wienen flugger as har 24,82.
17:33

Sulver foar 'Frysk' Nederlânsk team op teamsprint

Femke Kok, Marrit Fledderus en Antoinette Rijpma-de Jong binne twadde wurden op it ûnderdiel teamsprint by de wrâldbekerwedstriid yn Stavanger.
It trio kaam ta in tiid fan 1.28,17, dat foel ôf. It goud gie nei de Feriene Steaten. It brûns wie foar Kanada.
16:43

Groenewoud twadde op 5.000 meter

Marijke Groenewoud
Marijke Groenewoud © Orange Pictures
Reedrydster Marijke Groenewoud fan Hallum is twadde wurden op de 5.000 meter by de World Cup yn Stavanger. Groenewoud sette in tiid fan 7.03,27 del.
De Tsjechyske Martina Sáblíková pakte de oerwinning mei 6.59,60. De pleatslike favoryt, Ragne Wiklund, kaam net fierder as 7.03,60 en it tredde plak.
16:28

Van der Valk twadde by World Cup shorttrack foar junioaren

Bas van der Valk fan It Hearrenfean is snein knap twadde wurden op de 1.000 meter by de World Cup shorttrack foar junioaren yn de Ljouwerter Alvestêdehal. Allinnich Byeong-Chan Han út Súd-Koreä wie flugger.
Op de 1.000 meter by de froulju is Lotte Donderwinkel fan Wergea twadde wurden yn de B-finale.
Sinne Brouwers fan Menaam waard yn de kwartfinale útskeakele op de 500 meter. Datselde jildt foar Noah van der Riet fan Stiens by de manlju.
15:33

Kok tredde op de 500 meter

Femke Kok
Femke Kok © Orange Pictures
Femke Kok is sneintemiddei tredde wurden op de 500 meter fan de wrâldbekerwedstriid yn it Noarske Stavanger, Kok kaam ta in tiid fan 38,01. Dêrmei moast se allinnich Min-Sun Kim út Súd-Koreä (37,73) en Erin Jackson út de Feriene Steaten (37,75) foar har litte.
Marrit Fledderus einige as njoggende yn in tiid fan 38,53.