Gondelfeart fan Droegeham stiet nei ôfmeldingen op losse skroeven

De Gondelvaart op Wielen yn Droegeham
De Gondelvaart op Wielen yn Droegeham © Omrop Fryslân
De takomst fan de gondelfeart yn Droegeham stiet faai. Twa buerten ha oanjûn net troch te gean, wêrtroch't it evenemint net it minimum fan tsien gondels hellet.
It keallet al langer dreech, fertelt foarsitter Jellie Hamstra. Op dit stuit binne der acht oanmeldingen, wylst it bestjoer as minimum oantal dielnimmers op tsien set hat.
"Je wolle it publyk dochs wat sjen litte. Mar we ha noch noait twa te min hân, dus dit is wol even in momintsje."
It bouwen fan sa'n gondel kostet in soad tiid. Dêr hat net elkenien mear nocht yn. "Der sit in protte wurk yn en in soad tarieding. En de coronakrisis hat ús sjen litten dat minsken somtiden oare karren meitsje."
De gondelfeart fan Droegeham bestiet sûnt 1968. Buerten yn it doarp binne skoften dwaande mei it fersieren fan de weinen dy't yn augustus twa jûnen troch it doarp ride. Yn 2019 waard de fyftichste 'Gondelvaart op Wielen' holden.
De 'Gondelvaart op Wielen' is útgroeid ta in blommekorso mei alle jierren tûzenen besikers. It evenemint is ien fan de tritich blommekorso's yn Nederlân dy't op de UNESCO-list fan ymmaterieel erfgoed steane.