Eksoatyske skulpen komme faker foar yn de Waadsee

Skulpen by leech wetter
Skulpen by leech wetter © Omrop Fryslân, Remco de Vries
Twa eksoatyske skulpesoarten lykje ynienen ta te nimmen yn de Waadsee: de Filipynske tapytskulp en de Amerikaanske strânskulp. De Waddenunit fan it ministearje fan Landbouw, Natuur en Voedselveiligheid (LNV) kaam dy soarten dizze hjerst yn folle gruttere konsintraasjes tsjin.
"Wageningen Marine Research doet voor het ministerie van LNV jaarlijks de schelpdiereninventarisatie in het voorjaar. En dan worden ze af en toe wel gezien. Sinds drie jaar doen we als Waddenunit ook met name voor de kokkels een inventarisatie in het najaar, omdat we twee jaar lang zomers enorm veel sterfte in de kokkels hebben gehad", seit Bert Meerstra fan de Waddenunit.
"Dit jaar hebben we vooral op de punten die we ook vorig jaar bemonsterden veel meer Filipijnse tapijtschelpen en Amerikaanse strandschelpen waargenomen."

Frachtskippen

Beide soarten binne al langer yn Nederlân. Al meireizgjend mei frachtskippen belânen se benammen yn Seelân. Hoewol't se ek al langere tiid yn de Waadsee toevje, wie oant sa fier noch net bekend dat har oantal hjir ynienen tanimt.
Eksoatyske soarten yn de Waadsee nimme ta
Ien en oar smyt wol fragen op. "Vooral die Amerikaanse strandschelp is wat kleiner dan de kokkel, maar toch groeit hij explosief. Gaat hij straks de kokkel verdringen? En wat voor effect heeft dat dan op vogels? Wij weten niet of de vogels dat schelpdier ook lekker vinden."
"Ze hebben in Zeeland al onderzoek gedaan naar de Filipijnse tapijtschelp en het is wel bekend dat scholeksters daar wel op foerageren", stelt Meerstra. "En daar zit ook veel vlees in, want die dieren kunnen wel tot zeven-en-een-halve centimeter groot worden."

Japanske oesters

It is net foar earst dat eksoatyske skulpen harren yn de Waadsee fêstigje. Nim bygelyks de Japanske oester. Har komst like yn it begjin gjin goed nijs, wylst it foar fûgels dreech is om dy skulpen te iepenjen. Uteinlik is der dochs in nij lykwicht ûntstien en profitearje moksels op guon plakken fan de oesterbanken.
Meerstra tinkt dat der in kâns is dat der noch mear soarten bykomme. "Het is bekend dat er meer exoten met ballastwater in grote havens komen. De vraag is vervolgens hoe ze zich verspreiden en of ze de omstandigheden hier aankunnen."
"Van de Filipijnse tapijtschelp is bekend dat die wat hogere temperaturen aankan dan de kokkel. Dus als het hier in de zomer warmer wordt, dan hebben ze een grotere overlevingskans. Het is dan ook afwachten of de kokkel hier blijft en wat voor effect dit heeft op de vogels die ervan eten."