Hat Wynjewâld de oplossing foar de stikstofkrisis? Wageningen University sjocht perspektyf

Feehâlder Catharinus Bouma fan Wynjewâld
Feehâlder Catharinus Bouma fan Wynjewâld © Omrop Fryslân
In plan fan 26 boeren yn de regio Wynjewâld krijt byfal fan Wageningen University & Research (WUR). De universiteit rekkene in idee fan in nije stâlflier en in fergêster troch en sjocht dat de stikstofútstjit bot nei ûnderen giet.
"Dit is foar ús einlik takomstperspektyf", seit Tjerk Sinnema. Hy is projektlieder fan de Friese Drieslag, sa't it plan neamd wurdt. "Wy ha hjir fuortendaliks trije stappen mei set op it mêd fan stikstof, klimaat en enerzjyneutraliteit. No't der in wittenskiplike basis foar leit, kinne wy foarút."

It plan

Yn Wynjewâld wolle boeren oan it wurk mei oare stâlflierren en in fergêster. No lizze der noch roasters yn de stâl wêr't de kij op rinne. De dong fan de kij komt dan yn de put te lizzen.
Hat Wynjewâld de oplossing foar de stikstofkrisis?
Mar de roasters wurde ferfongen troch in flier dy't skjinskood wurdt. De dong wurdt dan yn in opslachromte pleatst en ien kear yn de fjouwer dagen útriden nei in fergêster. Dêr wurdt de stikstof foar it grutste part út de dong helle. De stikstofearme dong giet nei tweintich dagen werom nei de boer en dy bemêstet syn greide dermei.
Tjerk Sinnema, projektlieder fan de Friese Drieslag
Tjerk Sinnema, projektlieder fan de Friese Drieslag © Omrop Fryslân
Wynjewoude Enerzjy Neutraal (WEN) is al jierren oan de gong om it doarp fan it gas ôf te krijen. Ien fan de ideeën is om dêrfoar in fergêster te bouwen. Doe ûntstie ek it plan om de boeren te helpen yn de stikstofkrisis. Mar dêrfoar moasten de plannen oer de flier trochrekkene wurde troch Wageningen.

Positive ûndersyksresultaten

"Dit ziet er goed uit", seit Nico Verdoes fan de WUR by in taljochting op it provinsjehûs. It rapport wurdt oerlange oan deputearre Femke Wiersma en wethâlder fan Opsterlân Durk Durksz.
Verdoes: "Wij hebben een gemiddelde genomen van de bedrijven. Je hebt het dan over boeren met ongeveer 100 koeien. Je hebt verschillende scenario's, maar gemiddeld genomen kun je zeggen dat de ammoniakuitstoot met 46 procent naar beneden gaat. Dat komt omdat je de mest snel uit de stal haalt."
Op dat plak komt gewoanwei de emisje frij. "Die speelt de landbouw zo parten. Het gaat dus niet eens zeer om de vergister zelf, maar meer om het feit dat je de mest snel uit de stal haalt. Deze wijze zorgt ervoor dat de methaan uit de kelders gehaald wordt en daar komt normaliter veel uitstoot vrij. Nu haal je de mest dagelijks eruit en dat haalt de uitstoot naar beneden."
Deputearre Femke Wiersma mei it rapport
Deputearre Femke Wiersma mei it rapport © Omrop Fryslân
Dochs lizze der ek grutte opjeften. De fergêster moat by it buorskip Lyts Grins (Opsterlân) komme en dêr binne de bewenners it net mei iens. Yn in riedsgearkomste yn jannewaris kaam it ta in protest.
"Als die centrale mestvergister zo belangrijk is voor heel Fryslân, is dit dan wel de beste plek?", fregen ferskate bewenners harren doe ôf.
"Mar wy kinne dy ûnrêst fuorthelje", seit foarsitter Pieter de Kroon fan WEN. "Der binne trije offisjele rapporten en dy jouwe oan dat der gjin oerlêst is. Dus dat moat goedkomme."
Wy ha no wittenskiplik bewiis dat it wurkje kin.
Tjerk Sinnema, projektlieder De Friese Drieslag
De gemeente en provinsje moatte besluten nimme oer de fergêster, mar neffens Sinnema is it rapport fan de WUR in grutte opstekker. "Wy ha no wittenskiplik bewiis dat it wurkje kin. Wy wolle ek mei de minsken yn de buorskippen om tafel, want wy wolle net ta oerlêst wêze. Mar as je dan sjogge dat it plan wol wurkje kin, ha je in poat om op te stean."

Trije krises yn ien slach oplosse

De Friese Drieslag kiest derfoar om de dong mei frachtweinen ferfiere te litten. "Wy kinne net mei in piip of in lieding wurkje", seit Sinnema. "Je binne dan net fleksibel mear. Stel de boer hâldt mear of minder kij, of hâldt op fan buorkjen, dan kin dy lieding net goed mear wurkje."
"Om de oerlêst te beheinen, wolle wy mar ien kear yn de fjouwer dagen de dong ride. Mar as je sjogge dat je hjir trije krises yn ien slach mei oplosse, dan binne it grutte foardielen."
Tjerk Sinnema en Catharinus Bouma
Tjerk Sinnema en Catharinus Bouma © Omrop Fryslân
Njonken de opjeften mei omwenners lizze der ek útdagings op it mêd fan de fergêster sels. Sa binne fergêsters de lêste tiid yn it nijs omdat der te folle amfetamine yn sit troch it natuerlik proses fan fergêsting.
Neffens WEN is dat gjin probleem. "Wy gean allinnich foar dong", seit Sinnema. "De oare fergêsters brûke oare middels en dus witte je dan net wat der krekt yn giet. Ek wolle wy elke ôffier meunsterje. Je sitte der boppe-op en dus witte je wat je ha. Dêrnjonken giet it nei de boeren sels werom en dus wurkje je fersmoargers tsjin."

Foar de takomst

Doel is om in fergêster te bouwen, mar dat is foar de gemiddelde feehâlder dreech te beteljen. Dêrom wolle 26 boeren gearwurkje om ien fergêster te bouwen, dêr't sy allegear op ride kinne.
"Foar ús wurdt it dan betelber", seit feehâlder Catharinus Bouma. Hy hat 120 kij op de pleats yn Wynjewâld en is ien fan de boeren dy't meiwurket. Oan de râne fan it doarp leit Natura2000-gebiet it Weinterper Schar.
"Myn soan wol de pleats oernimme en dus binne wy al jierren oan de gong om takomstbestindich te wurkjen. Dizze stipe jout ús betrouwen en perspektyf."
Hjir moat jild fan de provinsje of it Ryk komme, want oars is dit foar boeren net te beteljen.
Tjerk Sinnema
De nije flier kostet 150.000 euro foar boeren. It is in ynvestearring dy't de boer net weromfertsjinnet en dus docht Sinnema in oprop oan de polityk. "Hjir moat jild fan de provinsje of it Ryk komme, want oars is dit foar boeren net te beteljen."
Provinsje Fryslân wurket mei oan it projekt en sjocht sels ek kânsen. "De derogaasje giet derôf en dus moatte boeren yn de takomst wurkje oan it ôfsetten fan dong", seit deputearre Femke Wiersma. "Dêr is dit in goeie oplossing foar. Ynnovaasje sil ús rêde en dêr is dit in foarbyld fan. Dus litte wy dit mei-inoar ûndersykje."
LTO Noard is optein mei de resultaten. "Je ziet dat dit voor het gemiddelde en gewone bedrijf ineens veel oplossingen biedt", lit foarsitter Dirk Bruins witte. "We weten dat er veel hobbels zijn te nemen, maar dat is ook iets om gezamenlijk aan te trekken."

Grutsk op it doarp

"Wy binne hjir grutsk op", seit wethâlder Durk Durksz fan de gemeente Opsterlân. "Dat de enerzjykoöperaasje dizze stappen set yn de ôfrûne jierren. Dit doarp sels is ek geweldich, want der binne 400 leden dy't meidogge. Der binne fansels ek krityske lûden, mar dêr komme wy wol út. Dêr bin ik fan oertsjûge."
Dochs is it noch de fraach wannear't de fergêster boud wurde kin. De kommende perioade bûcht de gemeente Opsterlân him oer de fergunning. "Wy geane derfan út dat wy yn 2024 de fergunning rûn ha en yn 2025 draaie kinne", seit Sinnema.