'Wetterstof is net in oplossing foar alles, mar wy moatte dermei oan 'e gong'

Ale Procee fan Douna Machinery
Ale Procee fan Douna Machinery © Omrop Fryslân
Wetterstof is skjin, kinst it brûke yn de yndustry, auto's ride derop en kinst der huzen mei waarm stoke. Noard-Nederlân set der fol op yn, mar is dat eins wol sa tûk? En wat hat de boarger yn Dokkum deroan?
Is wetterstof de hillige graal foar de enerzjyfoarsjenning en foar de noardlike ekonomy? Dy fraach leit op tafel yn de fiifde - en lêste - ôflevering fan Stand van Noord-Nederland, in searje programma's oer de regionale ekonomy, makke troch RTV Noord, RTV Drenthe en Omrop Fryslân.
Skjin? Jawis, stelt Machiel Mulder, heechlearaar enerzjy-ekonomy oan de RUG. Mar dat jildt yn alle gefallen allinnich foar griene wetterstof, dy't makke wurdt mei stroom fan sinne en wyn.

Soad sinne en wyn nedich

Mar ek 'grien' hat neidielen, want wetterstof meitsje kostet in hiel soad enerzjy en der sille grutte oantallen sinnepanielen en wynturbines nedich wêze foar wetterstof-produksje fan wat omfang.
Sjoch hjir nei de fiifde en lêste ôflevering fan De Stand van Noord-Nederland:
"De fraach is dan al gau, wêr sette je se del?", sa seit Mulder. In kwestje dy't ek jildt foar de grutskalige elektrolysers dêr't de wetterstof mei produsearre wurdt. Under mear de Eemshaven is derfoar yn byld, mar der sil in rige lokaasjes foar socht wurde moatte, seit Mulder mei klam.
Machiel Mulder, heechlearer enerzjy-ekonomy oan de Ryksuniversiteit Grins
Machiel Mulder, heechlearer enerzjy-ekonomy oan de Ryksuniversiteit Grins © Omrop Fryslân
Grize wetterstof, dy't faak as grûnstof brûkt wurdt yn de yndustry, is gjin opsje, stelt de heechlearaar. Dit wurdt nammentlik makke út gas en is dus eins gewoan in fossyl produkt. It meitsjen dêrfan giet lykop mei in hege CO2-útstjit.

Wetterstof is ûnûntkomber

Foar de fergriening fan de ekonomy is wetterstof perfoarst net de iennige oplossing, reagearret Helmie Botter, by Gasunie ferantwurdlik foar alle wetterstofaktiviteiten. Ynset op alle oare alternative foarmen fan enerzjy bliuwt ek nedich, seit Botter.
Wat har oanbelanget is it ûntwikkeljen fan grutskalige wetterstofproduksje lykwols ûnûntkomber: "Wy hawwe gjin opsje. We moatte dit ûntwikkelje. Want wy hawwe dy enerzjy nedich."
Gasunie hat foar hûnderten miljoenen oan ynvestearringsplannen klear lizzen, mar hoe kânsryk wetterstof úteinlik wêze sil yn ferfier, yndustry of yn wenwiken, dêroer seit Botter: "Gjinien dy't it wit. Der binne in hiel soad obstakels, mar der binne ek in hiel soad kânsen, yn it bysûnder yn Noard-Nederlân dat in hiele goede útgongsposysje hat."
Hjir is romte en der komt in soad griene stroom oan lân. "Noard-Nederlân is net foar neat de earste 'hydrogen valley' fan de wrâld", seit Botter mei klam yn de útstjoering.

Yndustry en swier ferfier

"Kies voor inzet van waterstof daar waar je het meest kunt besparen op CO2-uitstoot. Vooral in de industrie en in zwaar transport, zoals bussen en vrachtwagens is waterstof dan een haalbaar alternatief voor gebruik van stroom", sa seit Botter, dy 't sels yn in wetterstofauto nei de opnamen fan Stand van Noord-Nederland kaam.
Helmie Botter fan de Gasuny
Helmie Botter fan de Gasuny © Omrop Fryslân
"Ik rijd 550 kilometer op een volle tank met vijf kilo waterstof, je komt er dus best ver mee. Maar de toekomst moet uitwijzen of dit ook de toekomst is." Wat hjir spilet is dat wetterstof in yneffisjinte enerzjyboarne is omdat it earst mei stroom makke wurde moat en dêrnei ek wer omset wurde moat yn stroom, wolle je der wat oan hawwe.
Het belang van olie en gas verandert. Wij zien kansen in de nieuwe techniek.
Ale Procee, ûndernimmer fan Douna Machinery
Foar ûndernimmer Ale Procee is it nut fan wetterstof al lang gjin fraach mear. Mei Douna Machinery yn Ljouwert ynvestearret er folop yn de produksje fan lytsere elektrolysers foar bygelyks mkb-bedriuwen dy't wetterstof as enerzjyopslach brûke wolle.
Douna Machinery is fjouwer jier lyn yn wetterstoftechnyk stapt. We zien dat het belang van olie en gas verandert. Wij zien kansen in de nieuwe techniek."
Johan Hamster, deputearre yn Grinslân
Johan Hamster, deputearre yn Grinslân © Omrop Fryslân
It bedriuw fan Procee is belutsen by meardere wetterstofprojekten yn Noard-Nederlân, ûnder mear op Groningen Airport Eelde. Dêr wurdt wurke oan in elektrolyser dy't fan sinnestroom wetterstof makket. Alderearst om it grûnmateriaal derop ride te litten. Dêrnei komt ek fleanen op wetterstof yn byld, seit Procee, dy't it projekt sjocht as in stap nei in ekonomy rûn wetterstof.

Oergongsperioade

"Wij willen hier met Hydrogen Valley een voorbeeld geven en de stap zetten naar een waterstofeconomie", fertelt de Grinslanner provinsjedeputearre Johan Hamster."We zitten in een overgangsperiode van fossiel naar een toekomst die niemand precies kent. Maar er is een aantal toepassingen waar waterstof absoluut een kans heeft."
Untwikkeling fan nije enerzjytechniken is ek in stevige ympuls foar nije banen demonstrearret Hamster. Ek al giet it net allinnich om banen yn wetterstofprojekten, nije enerzjy hat neffens Gasunie al 850 arbeidsplakken opsmiten yn Noard-Nederlân.
Stand van Noord-Nederland is in searje programma's oer de noardlike ekonomy, makke troch RTV Noord, RTV Drenthe en Omrop Fryslân yn gearwurking mei de SER Noord-Nederland.
Online is de útstjoering no al te sjen, op telefyzje is Stand van Noord-Nederland by Omrop Fryslân te besjen op freed om 17.30 oere en wurdt dêrnei alle oeren werhelle.