Straf foar plysjeman dy't op trekker Jouke skeat, falt heger út as eask

In plysje op de A32 nei it ynsidint
In plysje op de A32 nei it ynsidint © ProNews
De plysjeman dy't by boereprotesten ferline jier op de trekker fan Jouke Hospes skeat, is feroardiele ta 80 oeren taakstraf en in selstraf fan in moanne ûnder betingst. "Hij heeft ten onrechte gericht geschoten", fynt de rjochter.
De straf foel heger út as de moanne selstraf ûnder betingst, dy't de offisier easke. De rjochter joech oan dat de plysje de kâns akseptearre hat dat Jouke deadlik troffen wurde koe. "Hij heeft op de cabine geschoten en niet op de banden."
Parserjochter oer de útspraak
De plysjeman waard ferfolge foar besykjen ta deaslach. Yn de eagen fan de rjochter hat de plysjeman in 'beoardielingsflater' makke, ek al wie hy net fan doel om Jouke Hospes del te sjitten. De rjochtbank seit dat de plysjeman net 'neffens de amtsynstruksjes hannele hat.'
"Je mag alleen een pistool trekken wanneer er gevaar is voor personen. En dat was niet het geval. Politiemensen en omstanders stonden niet in de rijrichting van Jouke."

Plysje hat in goed petear mei Jouke hân

De rjochtbank hâldt rekken mei de omstannichheden dat de plysjeman in goede steat fan tsjinst hat en dat it foarkommen fan de saak swier foar him west hat.
In plysje en ien fan de trekkers fan it protest
In plysje en ien fan de trekkers fan it protest © ANP
Fierder wurket it strafferminderjend dat de plysjeman in goed petear hân hat mei Jouke en syn famylje.
De rjochter hat begryp foar de stressfolle situaasje. "Dat vroeg veel van de politie. Toch mag van verdachte worden verwacht als getraind politieman dat hij de situatie goed kan inschatten maar dat heeft hij niet gedaan."
Likegoed de plysjeman as Jouke Hospes en syn famylje wiene net oanwêzich by de útspraak fan de rjochtbank yn Utrecht.
Advokaat Tjalling van der Goot oer de útspraak
Yn novimber moast de plysje ek al foarkomme. Hy siet doe ek net yn de seal en naam fia in fideoferbining diel. It wie in feiligensmaatregel op fersyk fan de plysjeman sels, want earder binne der gegevens fan in oare plysje by boereprotesten op sosjale media dield. Dat risiko woene de agint en syn advokaat no foarkomme.

Foarkomme foar de 'blauwe keamer'

De plysjeman moast foarkomme by de saneamde 'blauwe keamer', dy't sûnt july ferline jier alle saken fan opspoaringsamtners behannelet dy't ferfolge wurde foar it brûken fan geweld by harren wurk.
Ferline moanne waard bekend dat der tsjin de plysjeman in moanne selstraf ûnder betingst easke waard.
De offisier fan justysje wie fan betinken dat de plysjeman oars hannelje moatten en kinnen hie. Der wie neffens de offisier gjin akút gefaar foar de fertochte dat it gebrûk fan geweld rjochtfeardiget.
In plysjewein op de sneldyk
In plysjewein op de sneldyk © ProNews Producties
It sjitynsidint barde op 5 july 2022, doe't boeren mei trekkers protestearren tsjin de stikstofplannen fan it kabinet.
Boeresoan Jouke Hospes ried de rotonde by de A32 op It Hearrenfean op en waard dêrnei troch de plysjeman besketten. Der wie dêrnei in kûgelgat yn de kabine fan de trekker te sjen.
Jouke Hospes fan Akkrum (argyffoto)
Jouke Hospes fan Akkrum (argyffoto) © Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort
Hospes hat in dei en in nacht yn de finzenis sitten, mar de oare deis waard de saak tsjin him seponearre. Letter makke it Iepenbier Ministearje bekend in strafrjochtlik ûndersyk yn te stellen nei it ynsidint.
De plysje-organisaasje joech earder oan dat in "objectieve controle" op it hanneljen fan de agint troch de rjochtbank wichtich is. Sy stelden dat de plysjeman yn kwestje him yn de situaasje bedrige fielde. De plysjeman sels ferklearre dat er tocht dat de jonge op syn kollega's ynride woe.