Steatefraksjefoarsitter VVD Eric ter Keurs: "Een zakenkabinet zou logisch zijn"

Eric Ter Keurs, Polytburo
Eric Ter Keurs, Polytburo © Omrop Fryslân
Eric ter Keurs, fraksjefoarsitter fan de VVD yn de Provinsjale Steaten, sjocht in sakekabinet as in logyske opsje. Syn lânlike VVD-kollega's hawwe al oanjûn net yn in kabinet te wollen, mar wol in rjochts kabinet gedoge te kinnen.
De útspraak fan VVD-fraksjefoarsitter Dilan Yesilgöz - dat har partij net yn in kabinet wol - wie wat foarbarich, sei Ter Keurs ôfrûne wike al. "Ze had het misschien wel iets later mogen melden. Het was eleganter geweest om het eerst te melden aan de verkenner."

Gedoochkonstruksje

Wol stiet er achter it beslút fan Yesilgöz om allinnich yn in gedoochkonstruksje mei te wurkjen. "Ik vind dat, kijkend naar de argumenten die zijn aangevoerd, helemaal niet onverstandig."
Bestjoerskundige Rieks Osinga joech in wike lyn noch oan it ûnbegryplik te finen dat de VVD de doar ticht dien hat. Wylst de VVD just no yn in rjochts kabinet bygelyks har migraasjedoelen wiermeitsje kinne soe.
Ter Keurs sjocht dêr gjin ynkonsekwinsje yn. "Je wilt een aantal belangrijke onderwerpen goed geregeld hebben en dat kan ook heel goed door een gedoogconstructie."
De lêste wiken binne yn meardere gearkomsten ek de Fryske VVD'ers bypraat oer de achterlizzende tinzen fan it beslút.
Eric ter Keurs oer de gedoochkonstruksje
"Ik heb van nog niemand gehoord dat ze hierdoor hun lidmaatschap op willen zeggen", seit Ter Keurs. "Er zijn natuurlijk wel mensen die vragen hebben, maar na zo'n bijeenkomst begrijpen mensen dan best wel hoe je tot deze keuze komt."
Yn It Polytburo beprate presintatoaren Andries Bakker en Eric Ennema alle wiken mei in gast aktuele tema's yn de polityk. Sjoch hjir nei de folsleine útstjoering mei Eric ter Keurs.
Mei troch de kar fan de VVD liket de formaasje no al in soad tiid te kostjen. Ferkenner Ronald Plasterk hat sein in wike mear de tiid nedich te hawwen. Dêr makket Ter Keurs him lykwols net in soad soargen oer.
"We leven nu in een andere tijd dan voor de verkiezingen. Veel andere partijen zijn in beeld gekomen, de belangen zijn best wel groot, dus ik kan me voorstellen dat dingen tijd kosten. Als je gaat lopen forceren komt het ook niet goed."
Eric ter Keurs oer de PVV
Ter Keurs jout oan dat de formaasje fansels dreger is as de jierren hjirfoar. "We hebben nu een heel unieke situatie. Het was heel lang zo dat drie grote partijen - CDA, PvdA en VVD - royaal de meerderheid hadden, meer dan 100 zetels. Toen draaide de coalitievorming altijd om die drie."
De Fryske fraksjefoarsitter jout oan dat Mark Rutte boppedat altyd besocht hat om troch de midden te gean, om safolle mooglik partijen by elkoar te hâlden. "Maar wat je aan deze verkiezingen ziet, is dat dat blijkbaar ten einde is. Mensen willen over rechts. Dan komen er andere partijen in beeld."

Twivel oer Wilders

Ien fan de redenen achter it beslút net yn in kabinet te stappen is it partijprogramma fan de PVV, sjocht Ter Keurs by in soad fan syn partijleden. "Wat ik een beetje proef is dat de twijfel niet zozeer ligt in de persoon Wilders, hoewel hij niet altijd even consistent is in wat hij zegt, maar met name in het feit dat hij een typische partij heeft."
Dêrmei bedoelt er dat de partij in oantal stânpunten hat dy't net oerienkomme mei 'reguliere partijen'. "Dat betekent dat je iets voorzichtiger moet zijn als het gaat om samenwerken, al dan niet in een coalitie", leit Ter Keurs út.
Eric ter Keurs oer in kabinet oer links
Mar komt it wol ta in tradisjoneel mearderheidskabinet, freget de VVD'er him ôf. "Ik denk dat als dat het uitgangspunt van alle partijen zou zijn, dan hadden we daar nu anders wel wat contouren van gezien. Kijkend naar de eerste bewegingen denk ik dat we misschien gaan naar een ander kabinet."
In minderheidskabinet mei ûnder mear PVV en BBB bygelyks, of in sakekabinet mei fakminsken. Ter Keurs: "Dat acht ik logisch. Ik denk ook dat je er veel sneller uit bent dan te onderhandelen en een meerderheidskabinet realiseren."

Linksom?

In kabinet oer links mei GroenLinks-PvdA sjocht er net sitten, dat hat ek Yesilgöz al oanjûn. "Er is een heel duidelijk signaal door de kiezer afgegeven en het zou raar zijn als je iets wil proberen waar de PVV geen rol in heeft."
Nije ferkiezingen is neffens Ter Keurs echt it lêste rêdmiddel. "Opnieuw stemmen zou voor iedereen een dramatische afgang zijn, dus dat lijkt me niet verstandig. Als alles mislukt is dat het enige wat overblijft, dan staan we als politiek in ons hemd."
Eric ter Keurs
Eric ter Keurs © Gerco van Beek