Kabinet ferplichtet brune float ta ekstra kontrôle nei fatale ûngelokken

Alde sylskippen fan de brune float
Alde sylskippen fan de brune float © ANP
Alle skippen fan de brune float moatte kontrolearre wurde. Ek as se de papieren op oarde ha. Komme se net troch de keuring, dan meie se net útfarre. Dat hat it kabinet besluten. It ûndersyk moat foar 1 april klear wêze.
It giet om ûndersyk nei de tugaazje, de mêsten en giken oan board fan de skippen.
It kabinet reagearret mei de maatregel op de útkomsten fan in ûndersyk fan de Onderzoeksraad voor Veiligheid nei twa deadlike ûngemakken yn 2022 op de histoaryske sylskippen Wilhelmina en Risico.
Mark Harbers
Minister Harbers fan Ynfrastuktuer en Wettersteat © ANP
Earder joech minister Harbers fan Ynfrastuktuer en Wettersteat al oan alle oanbefellings út it rapport oer te nimmen.

Feiligens ferbetterje

Yn de tuskentiid hat in wurkgroep, de taskforce, byinoar sitten om te sjen wat der fierder dien wurde kin om de feiligens te ferbetterjen.
Dêrút binne meardere foarstellen kaam dy't no ek trochfierd wurde. Dat moat de float 'oantoanber' feiliger meitsje, sa is de bedoeling.
De keuringen sette ynkoarten al útein. Seis ploegen fan twa keurders ha de taak de skippen te kontrolearjen. Dat bart ûnder tafersjoch fan de ILT, de Inspectie Leefomgeving en Transport. It ministearje betellet it ûndersyk.
De keuring dy't der no oankomt is in oanfoljend ûndersyk. Sa moat in soarte fan nulmjitting dien wurde. Ek as ien bygelyks in moanne lyn noch in keuring dwaan litten hat, wurdt it skip dochs besjoen.
De sertifikaten dy't se ha bliuwe jildich oant de eindatum dy't derop stiet en wurde net perfoarst ynlutsen as in skip net troch de keuring komt. In skip mei yn dat gefal dan lykwols net útfarre, moat it euvel oanpakke en opnij keurd wurde.

Strangere kritearia

Njonken de keuring wurde ek de kritearia om skippen of materiaal ôf te keuren stranger en ek dúdliker. No is it sa dat guon saken op ferskillende wizen útlein wurde kinne. Dan giet it bygelyks om hoe grou materiaal wêze mei. Dat wurdt no foar stielen kabels lyk lutsen mei de regels dy't jilde foar kraanmasines.
In skip fan de brune float
In skip fan de brune float © Omrop Fryslân
Nei oanlieding fan it ûngelok mei it histoaryske sylskip Amicitia yn 2016 makke de brânsferiening yn de brune float, de BBZ, eigen noarmen. Om't net eltse skipper lid is fan dy feriening wurde dy lang net oeral neilibbe.
Harbers lit no ûndersykje oft dy noarmen jurydysk fêstlein wurde kinne. Ek wurdt sjoen oft de easken foar it krijen fan in sylbewiis oanskerpe wurde moatte.

Mear skippers by brânsferiening

It ministearje en de ILT wolle yn oparbeidzjen mei de fersekerders en de reders ek sjen oft mear skippers oansluten wurde kinne by de brânsferiening. No is mar 40 persint fan de skippers dêr lid fan.
De earste keuringen sette op 6 desimber útein.