Tjeerd de Groot (D66) dochs net de Twadde Keamer yn

Tjeerd de Groot fan Wâldsein
Tjeerd de Groot fan Wâldsein © ANP
Politikus Tjeerd de Groot (D66) fan Wâldsein giet net opnij de Twadde Keamer yn. Dat docht bliken út de definitive útslach fan de Twadde Keamerferkiezingen dy't fêststeld is troch de Kiesraad. Oant no ta spande it der noch om.
Aukje de Vries (VVD), Habtamu de Hoop (GrienLinks-PvdA), Max Aardema (PVV) en Aant Jelle Soepboer (NSC) binne wol ferkeazen.
De Groot like earder dizze wike dochs de Keamer yn te kommen, nei't parseburo ANP D66 op 10 sitten ynskatte. De Groot stie op plak 10 fan de list en dus like hy ferkeazen te wêzen.
De Kiesraad hat lykwols fêststeld dat D66 net op 10 mar op 9 sitten útkomt. De lêste restsit giet nei de SP. As D66 yn it hiele lân 160 stimmen mear krigen hie of de SP tachtich stimmen minder, wie de restsit nei D66 gien.
Fierder die bliken dat De Groot de foarkarsdrompel fan 17.388 stimmen net helle hat en dus skoot De Groot yn prinsipe net de Keamer yn.
De ferkeazen Keamerleden moatte sels noch wol bepale oft se harren sit oannimme.