Ferline wike noch te wiet, no is it te kâld om sûkerbiten te rispjen

De masjines foar de sûkerbiten stean stil
De masines foar de sûkerbiten steane stil © Omrop Fryslân, Timo Jepkema
It ynfallende winterwaar soarget foar problemen by biteboeren. Der moat noch sa'n fjirtich persint fan de sûkerbiten út de grûn helle wurde, mar Kening Winter soarget foar flinke fertraging.
De masines steane stil op 'e pleats fan it leanbedriuw fan Oenze de Graaf. De froast soarget derfoar dat sûkerkristallen yn de sûkerbyt útsette.
"Der is folle mear froast as ferwachte wie. As wy de biten no rispje en nei it fabryk bringe, dan kinne se de biten net ferwurkje. De kristallen wurde slimerich", seit De Graaf.
De Graaf hat in leanbedriuw yn Wierum. "De tiidsdruk begjint no wat ta te nimmen, want wy rinne al efter troch it wiete waar." Der meie wol biten rispe wurde, mar der is earst oerlis nedich mei in tuskenpersoan fan de sûkerbiteferwurkers.
It is te kâld foar sûkerbiten
Der moatte earst in pear dagen teiwaar wêze foardat de masines wer biten rispje kinne. De biten binne no te bot beferzen. "Dan kinne je ek net sizze dat wy fuortendaliks begjinne kinne, de byt moat earst efkes werstelle. Ik tink dat wy de kommende dagen noch net dwaande binne."
Oenze de Graaf by syn leanbedriuw yn Wierum
Oenze de Graaf by syn leanbedriuw yn Wierum © Omrop Fryslân, Timo Jepkema
It is de safolste ôffaller dit jier. Yn 'e hjerst koe syn materiaal kwealik de ikkers op om't it fierstente wiet wie. "It is in dreech jier. It oerkomt dy en dêr moatst dan mar rekken mei hâlde."
Hoe grut de finansjele skea is, is no noch dreech te sizzen. "Dan moatte der biten sitten bliuwe, mar der binne fansels wol folle mear kosten."
Begjin dizze wike stie noch 34.000 bunder biten yn de grûn. Ofrûne jierren wie dit ein novimber noch 15.000 oant 26.000 bunder. De wiete hjerst wie oant no ta de grutste oarsaak dêrfan, swiere masines rûnen fêst. Foarearst is der noch foldwaande foarried sûkerbiten om de sûkerfabriken op folle kapasiteit draaie te litten, stelt in sûkerbitekorporaasje.
Dochs geane der wol biten fan it lân. Foar biten dy't brûkt wurde foar fretten foar kij binne de regels minder strang. Melkfeehâlder Gerrit Brouwer fan Easternijtsjerk is hjoed mei in leanbedriuw wol dwaande. "As der dan wat froast yn de byt komt, is it net sa slim", seit Brouwer.
"It is reedlik gien. Wy ha ien kear wat maleur hân." De masines fan it leanbedriuw rûnen tongersdeitejûn noch fêst, mar freed hienen se mear gelok.
"Ik bin hiel bliid dat it slagge is", fertelt Brouwer. "Je sitte hieltyd mar nei de berjochten te sjen. Dan is it wer te kâld, dan te wiet. Ik bin bliid dat it mei de help fan it leanbedriuw slagge is. Je moatte de dagen pakke dy't je pakke kinne."