Earste lokale strange froast fan it lân: mei -10,1 graden falt de eare Ljouwert ta

De Waach fan Ljouwert stie tongersdeitejûn yn de snie
De Waach fan Ljouwert stie tongersdeitejûn yn de snie © CAMJO media
Yn Ljouwert wie it freedtemoarn betiid -10,1 graden. Dat is de earste lokale strange froast fan dizze meteorologyske winter yn Nederlân. It wie ek fuortendaalks de earste kear dat de temperatuer dit jier ûnder de -10 útkaam.
It mjitstasjon by de Ljouwerter fleanbasis mocht de -10,1 graden opskriuwe.
Opfallend wie dat dizze strange froast echt tige lokaal wie: in pear kilometer fierderop wie it alwer -4 graden.
It frear net oeral like bot: op de Ryptsjerksterpolder, in eintsje noardeastlik fan Ljouwert, hold it iis noch net
Oant freed wie de leechste temperatuer dy't dit jier yn Nederlân metten waard -7,6 graden. Dy mjitting waard dien yn Twente, op 3 maart. Ferline winterseizoen wie der pas sprake fan de earste lokale strange froast op 14 desimber, yn Eelde en Twente.
Gewoanwei is de earste lokale strange froast pas sels yn jannewaris. Somtiden bart dat ris yn desimber, lykas dit jier, en yn tige seldsume gefallen al yn novimber.