Liveblog | 1 desimber 2023

112-nijs 1 desimber: Tankstasjon yn Ljouwert oerfallen | Koade giel om glêdens

Yn dit liveblog hâlde we dy op de hichte fan it lêste 112-nijs yn Fryslân. Hjir fynst in oersjoch fan ûnder oare ûngelokken, brannen en ferkearsynformaasje yn ús provinsje.

Lêst bywurke: 1 desimber 2023, 17:21
17:21

Plysje warskôget foar fytsedieven by Cambuur

Wa't jûn op de fyts nei Cambuur - Eindhoven giet, moat der goed om tinke, warskôget de plysje fan Ljouwert. Der wurde de lêste tiid nammentlik in soad fytsen stellen.
De plysje advisearret dêrom altyd om twa slotten te brûken en de fyts fêst te meitsjen oan in fêststeand foarwerp, bygelyks in fytserek. Boppedat is it goed om alfêst it framenûmer en oare skaaimerken fan de fyts op te skriuwen, want dy kinne fan pas komme by eventuele oanjefte.
15:29

RIVM jout stookalert ôf

It is op it stuit net ferstannich om op hout te stoken, dat seit it RIVM. It Rijksinstituut voor Volksgezondheid en Milieu hat foar Fryslân in stookalert ôfjûn. Dat bart by bepaalde waarsomstannichheden, as de reek langer hingjen bliuwt. Dat is op dit stuit it gefal yn Fryslân. De kwaliteit fan de lucht wurdt min troch it fynstof dat frijkomt by it houtstoken. Dat kin liede ta sûnensklachten.
15:15

Fytser oanriden troch auto yn Ljouwert

Auto skept fytser yn Ljouwert
Auto skept fytser yn Ljouwert © AS Media
In auto hat op de Robert Kochstraat yn Ljouwert in fytser oanriden. Dat barde freedtemiddei om 14.30 hinne.
It slachtoffer is te plak troch ambulânsepersoniel behannele. Der is skea oan de fyts en de auto. Hoe't it ûngelok barre koe, is net bekend.
15:05

KNMI warskôget foar sniebuien

Ek hjoed is der wer kâns op sniebuien. Dat kin oerlêst feroarsaakje. It kin glêd wurde op de dyk troch befriezing fan wiete parten. It KKNMI hat dêrom koade giel ôfkundige. Foar ús provinsje jildt dat fan 17.00 oere ôf oant en mei moarn 12.00 oere.
13:18

Tankstasjon oerfallen yn Ljouwert

Helptsjinsten by it tankstasjon
Helptsjinsten by it tankstasjon © Kappers Media
Der is in tankstasjon oerfallen oan de Prof. Mr. P.S. Gerbrandyweg yn Ljouwert. De plysje hat in Burgernetmelding ferspraat foar ien fertochte fan de oerfal.
It giet om in man fan tusken de 25 en 30 jier mei in licht tinte hûdskleur. De man hat in donkere jas, in swarte mûtse en in swarte trainingsbroek mei in wite streep op de sydkant oan. De man hat swarte skuon oan en draacht in taske oer it boarst.
Minsken dy't him sjogge, kinne belje mei 112.
Oft der ek wat meinaam is en wat dat dan is, is net dúdlik. Neffens in korrespondint hat de plysje yn de buert in tas yn in beam fûn. Oft dy fan de oerfaller is, is net bekend.
11:10

Twa auto's botst op Julianaleane yn Ljouwert

De auto's op de Julianaleane
De auto's op de Julianaleane © AS Media
Op de Julianaleane yn Ljouwert binne freedtemoarn twa auto's opinoar botst. De ynsitters fan de auto's rekken net ferwûne, mar de auto's binne wol skansearre. De plysje is op it plak kaam om it ûngelok ôf te hanneljen.