Fryske jongfolwoeksenen tefreden, mar wol mear soargen oer it miljeu

Oer it generaal is de jongerein noch net sa ûntefreden
Oer it generaal is de jongerein noch net sa ûntefreden © Shutterstock.com (Kichigin)
Aldere minsken ha mear soargen oer de takomst fan jongfolwoeksenen yn it Noarden as in pear jier lyn. Mar sels binne se aardich tefreden. Wol binne miljeu- en grienfoarsjennings in soarch foar jongfolwoeksenen.
Dat docht bliken út nij ûndersyk dat it Planbureau Fryslân útfierd hat mei it Sociaal Planbureau Groningen en Trendbureau Drenthe.
De jongelju sitte dus wol wat mear yn oer it miljeu as âldere streekgenoaten, seit Wouter Marchand fan Planbureau Fryslân.
"We hebben verschillende vragen gesteld over de tevredenheid met groene leefomgeving en de hoeveelheid groen die er in je leefomgeving is. Je ziet hier dat jongeren zich daar toch wel zorgen over maken en ook de hoeveelheid groen in hun omgeving wat kritischer beschouwen dan 35-plussers."
Wouter Marchand
Wouter Marchand © Planbureau Fryslân
It takomstbyld dat 35-plussers hawwe fan jongelju fan 18 oant 35 jier is minder optimistysk as dat it earder wie.
"In 2022 ziet bijvoorbeeld slechts 9 procent van de Noorderlingen de toekomst van de jeugd zonnig in, terwijl dat in 2018 nog 31procent was", leit Marchand út.
"Maar jongvolwassenen zelf lijken zich geen grotere zorgen te maken over hun eigen toekomst dan andere leeftijdsgroepen. Ze zien hun eigen toekomst zelfs iets vaker zonnig in."
Fryslân docht it yn it Noarden noch net sa min
Fryslân docht it yn it Noarden noch net sa min © Planbureau Fryslân
Lanlike sifers litte sjen dat jongelju it dreech hawwe. Mar oer it generaal kin je net sizze dat jongfolwoeksenen yn de Noardlike trije provinsjes ûntefreden binne oer it libben.
Dat wurdt yn kaart brocht troch it Centraal Bureau voor de Statistiek (CBS) mei de 'Regionale Monitor Brede Welvaart'.
Dêrby giet it om wolwêzen, materiële wolfeart, sûnens, arbeid en frije tiid, wenjen, mienskip, feiligens en miljeu.

Gemiddeld in 7,6

By in ynwennerspanel fan 9.384 minsken yn it Noarden is ferline jier frege nei de tefredenheid wat de dielgebieten binnendizze 'brede wolfeart' oanbelanget. 674 jongfolwoeksenen fan 18 oant 35 jier joegen in gemiddeld rapportsifer fan 7,6.
It ûndersyk is bedoeld om fierder út te finen wat jongelju oer de leefberheid fine fan it Noarden. Om sa bygelyks foar te kommen dat tefolle jongelju ferhúzje nei oare regio's.