Pieter Jansen: de 17e iuwske Warkumer slaaf fan in sultan yn Algiers

In brief fan de Warkumer slaaf Pieter Jansen
Brief fan Warkumer Pieter Jansen © Omrop Fryslân, Klazina Hofstee
In bysûndere fynst yn it gemeente-argyf fan Súdwest-Fryslân: argyfmeiwurker Ruby de Vries stuite op in brief fan Warkumer Pieter Jansen, skreaun út it Noard-Afrikaanske Algiers wei. It is in needgjalp nei syn mem. Pieter is gizele troch seerôvers en driget slaaf fan in sultan te wurden.
De Vries (25) wurket yn it argyf De Tiid yn Boalsert en fûn ferskate stikken dy't te krijen hawwe mei it ferhaal fan Pieter Jansen. De Warkumer makke in seereis yn it suden fan Europa doe't syn skip intere waard troch Barbaryske seerôvers út Noard-Afrika.
Ruby de Vries
Ruby de Vries yn it argyf © Omrop Fryslân, Klazina Hofstee
It wie net ûngebrûklik yn dy tiid: benammen lytse keapfardijskipkes waarden geregeld oerfallen. De opfarrenden waarden dan gizele en meinaam nei Noard-Afrika. As der gjin losjild betelle waard, giene se nei de slavemerk.
Jansen waard meinaam nei Algiers en drige ferkocht te wurden as slaaf. Allinnich jild koe him rêde. De brief nei syn mem is in fersyk om losjild yn te sammeljen, sadat hy frijkocht wurde koe.
"Want sij hebbe drie of vier weken langh alle dagen 200 slagen onder de poeten geven, soo dat ick hoop dat godt almagtygh en uytkomste sal gehoren te geven en dat in korte, het sij dan met vrijdom of anders met de dood."
(Fragmint út de brief fan Pieter Jansen oan syn mem Ariaentie Cornelis yn Warkum)
Pieter hie it swier. Hy waard mishannele en woe neat oars as werom nei Warkum. Mem Ariaentie Cornelis set alles op alles om har soan frij te krijen en begjint jild yn te sammelen.
Yn it argyf fûn De Vries in boekje mei dêryn alle donaasjes dy't Ariaentie sammele hat. En dat binne der nochal wat. It boekje stiet hielendal fol skreaun mei tasizzingen foar jild. Fan skoalmasters oant grytmannen, allegear betellen se mei.
De brief fan Pieter Jansen
De brief fan Pieter Jansen © Omrop Fryslân, Klazina Hofstee
Ariaentie Cornelis krijt kontakt mei Louis d'Azevedo, in ambassadeur út Amsterdam dy't bemiddelje sil by it frij krijen fan Pieter Jansen. Ofpraat wurdt dat Pieter ruile wurde sil mei in tal Noard-Afrikaanske slaven dy't fêsthâlden wurde yn Napels.
"Ick ondergeschrevenen belove tot lossinge van Pieter Jansen, slave tot Algiers, te geven twee silveren ducatons. Wirdum, den 1 augustus 1695. Cecilia van Humalda."
(Fragmint út it donaasjeboekje fan de mem fan Pieter Jansen)
Alles liket goed te gean. Mar, de Noard-Afrikanen bliuwe yn Napels en komme net frij. De sultan fan Algiers fertrout it net mear en wegeret Jansen gean te litten.

It lêste dat mem Ariaentie heart, is dat Pieter Jansen net werom komt nei Warkum, omdat hy 'moarsk' wurden is. Wat dit betsjut, wurdt net dúdlik. Is hy slaaf fan de sultan wurden? Hat hy him bekeard ta de islam?
De Vries kin hjir gjin antwurd op fine yn it argyf. "Het is eigenlijk nog met raadsels omgeven", fertelt se. Mar dúdlik is dat Jansen yn Algiers bliuwt.
It boekje mei donaasjes
It boekje mei donaasjes © Omrop Fryslân, Klazina Hofstee
It is gjin ferhaal mei in goed ein. Dochs is Ruby de Vries tige wiis mei de fynst fan de brief en it donaasjeboekje. "Meestal vind je politieke stukken van bestuurders die ergens over schrijven, maar niet een handgeschreven brief van de persoon zelf. Dat is heel bijzonder."
Hoe't it libben fan de Warkumer slaaf Pieter Jansen der fierders út sjoen hat? We sille it nea witte.
Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende petearen. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn. Mei in soad omtinken foar natuer, kultuer en skiednis. De doarren fan it Buro binne sneins iepen fan 11.00 oant 13.00 oere. Sneintejûn om 21.00 oere wurdt it programma werhelle.