Unike nije krystmuzyk út alle dielen fan de wrâld yn 'Kryst mei Douwe'

Douwe Heeringa
Douwe Heeringa © Omrop Fryslân
Om fêst yn de kryststimming te kommen kin elkenien fan hjoed ôf wer ôfstimme op non-stop krystmuzyk fan Douwe Heeringa. Yn syn programma 'Mei Douwe' hat de presintator it startskot jûn foar 'Kryst mei Douwe'.
Mei de krysttiid yn it foarútsjoch hat presintator Douwe Heeringa wer in ferskaat oan unike muzyk útsocht dy't út alle dielen fan de wrâld komt: "Der sit dit jier in soad muzyk út Skandinavië tusken. Neist Skandinavyske muzyk leit de fokus dit jier ek op it klassike sjenre."
Kryst mei Douwe
Dat je net de bekende klanken fan Mariah Carey yn Kryst mei Douwe hearre is wis, wol is der dit jier in soad ûnbekend en nij wurk te hearren.
"Der komme dit jier behoarlik wat nije platen nei foaren fan ûnder oare Andrea Bocelli, Barbra Streisand, Tony Bennet en Doris Day", seit Heeringa.
Kryst mei Douwe is fan no ôf 24 oeren deis te beharkjen op krystmeidouwe.nl, de Omrop-webside en -app en op ynternetradio's.