Fryske readbûnte kij fan útstjerren rêden: "It is echt in ikoan"

Durk Durksz en Jaring Brunia
Durk Durksz en Jaring Brunia © Omrop Fryslân
De Fryske readbûnte ko is fan útstjerren rêden. De sifers fan 2023 litte in flinke groei sjen. De readbûnte giet fan 17 yn 1990 nei mear as 800 eksimplaren hjoed de dei. Dochs binne der noch soargen, dêrom is in earste foksintrum yn Fryslân iepene.
"Dit is dêr't je al dy jierren foar oan it wurk binne", seit Jaring Brunia, wylst hy op syn hiem yn Raerd yn de rjochting fan syn stâl rint. Boppe de doar hinget in wyt boerd mei de swarte letters: 'Erkend Fokcentrum'.
Twa readbûnte kij wachtsje efter de doar op Brunia. "Dit is sa'n ikoan yn de Fryske boerewrâld. It is net te leauwen dat we dy hast kwyt wiene."
Fryske readbûnte kij fan útstjerren rêden
Brunia hat de lêste jierren ynset op de readbûnte kij. Fan de stichting Fries Roodbont Vee hat hy no it predikaat foksintrum krigen. Hy is dêrmei de earste yn Fryslân. "It is net iens in grutte priis hear, mar it is mear de erkenning."
Brunia hâldt op fan rinnen yn it midden fan it foerpaad. Hy stiet yn in stâl fol jongfee. "It binne der in stik as 50. Hjir stean der no al mear as yn de jierren '90 yn hiel Nederlân. Kinst neigean."
Tal Fryske readbûnte kij troch de jierren
Tal Fryske readbûnte kij troch de jierren © Omrop Fryslân
Yn de jierren '90 wiene der noch mar 17 readbûnte kij. De ko stie offisjeel op in list mei beskerme bisten en like út te stjerren. De readbûnte kij hienen in grutte konkurrint krigen út Amearika, de Holsteiner. Dy koe goed oer krêftfoer en joech mear molke.
Boeren setten hieltyd mear yn op de Holsteiner. Dat wylst de readbûnte al sûnt it begjin fan de lânbou mei Fryslân ferbûn is. It bist hat in lange skiednis.

Kânsen foar de redbûnte ko

"Wy woene dy kij rêde", seit Durk Durksz. Hy is foarsitter fan de stichting Roodbont Fries Vee, dat yn de jierren '90 oprjochte waard. Durksz stiet op de pleats fan Brunia mei in grutte gniis at hy oer de sifers fan 2023 praat. "Wy sitte no mei de meast resinte telling op 839 kij. Dat is dochs geweldich."
Durk Durksz fan de stichting Roodbont Fries Vee
Durk Durksz fan de stichting Roodbont Fries Vee © Omrop Fryslân
De stichting hat benammen de lêste jierren de ko ûnder de oandacht brocht. Alle jierren ha sy it sied fan in oare bolle brûkt om de populaasje yn stân te hâlden. Dêrnjonken dogge sy ek ûndersyk nei in nij fertsjinmodel foar de readbûnte ko. "Je sjogge dat der mei de ekstinsivearring yn de lânbou kânsen lizze foar de readbûnte", seit Durksz.
"Boeren hawwe mear lân en kinne bygelyks krûderyk gerslân ynrjochtsje. Dêr giet de readbûnte goed op. Wy moatte in bytsje werom nei de basis fan it buorkjen en dêrtroch komt dizze ko ek wer yn byld."
Jaring Brunia
Jaring Brunia © Omrop Fryslân
Dochs binne der noch in soad stappen te setten, sizze Brunia en Durksz. Om in sûne populaasje te krijen, binne der 5.000 bisten nedich. "Mar dat is dêr't wy hinne groeie wolle", seit Brunia.
"Je sjogge no ek al hieltyd mear dat it by oare boeren begjint te libjen. Gewoane gongbere bedriuwen nimme der ek in pear foar de hobby derby en dan nimt it tal al flink ta."

"Noch in ein te gean"

Durksz tinkt dat der mooglikheden lizze. "Troch dy oare manier fan buorkjen, komme der opsjes om readbûnten te hâlden. Dat soe geweldich wêze, want dit ikoan mei net ferlern gean. Mar at je sjogge dat der noch mear as 4.000 by moatte foar in sûne populaasje, is der noch in ein te gean."