Marco Tol foar Cambuur as rjochtsback it fjild op: "Ik ben geen Alex Bangura"

Marco Tol waarmet him op
Marco Tol waarmet him op © Orange Pictures
Marco Tol spilet freed yn de thúswestriid fan Cambuur rjochtsback. Hy is de ferfanger fan de blessearre Gabi Caschili. Dêrmei hat trainer Henk de Jong net foar Jhondly van der Meer keazen.
Tol is der bliid mei dat hy yn de basis stiet. "Ik had het liever niet op deze manier gehad. Voor Gabi is dit heel zuur. De trainer had ook voor Jhondly kunnen kiezen, maar ik ben blij dat hij voor mij heeft gekozen."
Marco Tol is net hielendal frjemd mei it spyljen as rjochtsback, seit hy."Ik heb bij Volendam ook daar gespeeld en in de jeugd ook wel. Bij Cambuur heb ik ook al een paar keer als rechtsback gespeeld."
Marco Tol mei wer ris fan it begjin ôf spylje by Cambuur
As Marco Tol frege wurdt watfoar rjochtsback hy is, dan komt hy mei in orizjineel antwurd. "Ik ben geen Alex Bangura die er 97 keer overheen gaat. Maar ik ga wel proberen aanvallend mijn steentje bij te dragen. Maar eerst moet het verdedigend in orde zijn."
Tol is nei de westriid tsjin TOP Oss siik útfallen. Doe't hy weromkaam, keas Henk de Jong foar Floris Smand as sintrale ferdigener. "Ja, toen viel de keuze van de trainer op Floris Smand. Dat was voor mij wel balen."