Op besite by de Hearrenfean-konneksje fan Almere City: "Heerenveen is nog steeds mijn club"

Jeffrey Talan by Almere City
Jeffrey Talan by Almere City © Orange Pictures
Leafst sân âld-Hearrenfeanspilers wurkje of spylje no by Almere City, de klup dêr't sc Hearrenfean freed tsjin spilet. Reden genôch om nei de polder ôf te reizigjen.
Njonken haadtrainer Alex Pastoor ha trije oaren út de begeliedende stêf fan Almere City in - faak lang en suksesfol - ferline by sportklup Hearrenfean: keeperstrainer Agil Etemadi Johan Hansma en Jeffrey Talan.
Alex Pastoor, Jeffrey Talan en Johan Hansma
Ferline seizoen promovearre Almere City fia de neikompetysje foar it earst sûnt harren bestean nei de earedivyzje. Ferantwurdlik foar dy promoasje is trainer Alex Pastoor. Mar dat die hy mei hulp fan Jeffrey Talan.
De âld-ynternasjonal fertrok yn 2022 út Fryslân. Of net echt, want hy wennet noch altyd op It Hearrenfean. Talan krige yn 2022 noch in oanbieding om by Hearrenfean te bliuwen, mar hy gong dêr net op yn. Talan wie doe assistint by it earste âlvetal en krige de oanbieding om by de jeugd te wurkjen.
Dizze simmer koe hy mei Stanley Menzo mei nei Sina, mar Almere City woe dat hy blean by de promovendus.
  • Alex Pastoor spile fan 1994 oant 1997 trije seizoenen foar Hearrenfean en wie assistint-trainer by Hearrenfean ûnder Gertjan Verbeek fan 2006 oant 2008. No is hy trainer by Almere City.
  • Jeffrey Talan fuotballe fan 1995 oant 2003 yn Fryslân. Dêrnei wie hy jeugdtrainer, haad jeugdoplieding en assistint-trainer by Hearrenfean oant de simmer fan 2022. No is hy assistint-trainer by Almere City.
  • Johan Hansma wie as fuotballer tolve jier by Hearrenfean. Fan 1993 oant 2004. Dêrnei wurke hy op de kommersjele ôfdieling. Fan 2010 ôf wie hy trije jier lang technysk direkteur. Dat is hy no by Almere City.

Wat wie dyn moaiste momint by sportklup Hearrenfean?

Pastoor: "We hadden geregeld momenten dat we de tegenstander helemaal zoek speelden. Zo herinner ik me een wedstrijd tegen Ajax, die we met 2-0 wonnen. Volgens mij scoorden Romeo Wouden en Jon Dahl Tomasson.
Alex Pastoor
Alex Pastoor © Orange Pictures
Talan: "Het halen van Champions League, maar persoonlijk denk ik dan toch vooral aan de Champions League goal tegen Olympique Lyon. Een typische Talan-goal? Ja, ik scoorde wel vaak met een stiftje ja."
Hansma: "Dan denk ik toch aan de wedstrijd tegen Den Bosch, waarin we Champions League veilig moesten stellen. We hadden aan een punt genoeg, maar we speelden een hele slechte wedstrijd. De ontlading daarna was echt heel groot."

Is sportklup Hearerennfean dyn klup?

Pastoor: "Ik denk met heel veel plezier terug aan alle clubs waar ik heb gewerkt."
Johan Hansma, technysk direkteur Almere City
Johan Hansma, technysk direkteur Almere City © Orange Pictures
Hansma: "Uiteraard. Ik heb daar in totaal 19 jaar gezeten. Dat ga je nooit meer vergeten. Ik heb daar zoveel bijzondere mensen leren kennen."
Talan: "Ja, het is wel mijn club. Ik woon nog steeds in Heerenveen en kom er nog altijd met veel plezier. Ik kijk ernaar uit om er vrijdag weer te zijn. Met heel veel fijne bekenden en fijn publiek. Het gaat wel raar zijn omdat je nu vanuit de tegenstander gaat denken. Dat wilde je altijd voor Heerenveen doen. Het zal wel even wennen zijn welke kant ik straks oploop en wel naar de goede dug-out loop."
Trije spilers fan Almere City hawwe in ferline by sc Hearrenfean spile:
  1. Sherel Floranus (2018-2021)
  2. Rajiv van La Parra (2011-2014)
  3. Hamdi Akujobi (2018-2022)
Agil Etemadi fuotballe hast syn hiele jeugd by Hearrenfean, mar hy spile noait in wedstriid yn it earste en is no keeperstrainer by Almere City.

Gewoanwei is Hearrenfean de favoryt. Mar is dat eins terjochte?

Hansma: "Ja, dat is zo. Heerenveen is in alles verder. Op papier. Ik hoop dat wij doen wat dit seizoen vaak gedaan hebben. Vooral als team strijden."
Talan (rjochts) rikt de beker út oan Hearrenfean yn 2009
Talan (rjochts) rikt de beker út oan Hearrenfean yn 2009 © Orange Pictures
Talan: "Dat is terecht. Heerenveen zit er sowieso wel lekker in op het moment. Ze hebben het behoorlijk staan. En wij zijn de nieuwkomer, dus we zijn al snel de underdog."
Pastoor: "Ik vind dat een vraag die niet ter zake doet. Wat als ik nou ja of nee zeg, wat zegt dat dan? Een waardeloze vraag? Hahaha, jij zegt het."