Henk de Jong wiist Marco Tol oan as ferfanger fan blessearre Caschili

Cambuurtrainer Henk de Jong
Cambuurtrainer Henk de Jong © Orange Pictures
Cambuurtrainer Henk de Jong set Marco Tol freed op de rjochtsback. Tol is de ferfanger fan de blessearre Gabi Caschili. Caschili komt it hiele seizoen net mear yn aksje foar Cambuur.
It like nei de wedstriid tsjin VVV Venlo ferline wike net sa bêst mei in tal spilers fan Cambuur. Neist Caschili heakken ek Leon Bergsma en Floris Smand blessearre ôf.
Mar dat falt ta, seit Henk de Jong: "Bergsma en Smand binne beiden wer fit. Sy kinne beiden spylje." Dat betsjut dat Cambuur fierder ek neat feroarje sil oan de opstelling. De Ljouwerters hawwe de lêste seis kompetysjewedstriden net mear ferlern en ek yn de beker waard wûn fan MVV.
Henk de Jong oer de ynsetberens fan syn spilers
Henk de Jong wit dat fuotbaljen yn novimber en desimber faaks wat in oare oanpak ferget. It waar is min, it is kâld en de echte gersfjilden swier.
"Ja dy gewoane fjilden binne no swier, mar wy dogge dat wol goed. Tsjin VVV rûnen dy jonges allegearre sa'n 13 kilometer. Dat is hiel goed, mar dan komme der wol krampferskynsels. Yn dizze tiid is in oerwinning in oerwinning. Mear net. It giet om de punten."
De wedstriid tusken SC Cambuur en FC Eindhoven set freed om 20.00 oere útein. It is live te folgjen by Omrop Fryslân op 'e radio yn in ekstra sportprogramma. Sportferslachjouwer Geert van Tuinen fersoarget it kommentaar. Sneon is yn it Cambuur Sjoernaal in wiidweidige gearfetting werom te sjen fan it duel.
Dizze wike kaam it ûnferwachte berjocht dat Etiënne Reijnen opstapt as technysk direkteur by Cambuur. Reijnen krige in oanbod fan Feyenoord om assistint te wurden fan âld-Cambuurtrainer Arne Slot.
Henk de Jong skeakelet fuort troch nei de oerstap fan Etiënne Reijnen
Henk de Jong reagearret nochteren op de oerstap: "Sjoch, as der ien komt te ferstjerren, dan treurje je mei syn allen. Mar as der ien fuortgiet omdat hy him ferbetterje kin, dan net. Etiënne is een topjonge, yn alles. Hy is 36 jier en krijt no de kâns om mei Arne mei te gean. Ik begryp it wol. Mar dan is it ek klear. Dan stappe wy ek wer troch."