Fryske dartwrâld stiet stil by needlottich ferstoarne Jan Wietse (37)

Fryske dartwrâld stiet stil by needlottich ferstoarne Jan Wietse
Fryske dartwrâld stiet stil by needlottich ferstoarne Jan Wietse © Omrop Fryslân, Mats Gies
It kaam binnen as in enoarme klap, ôfrûne wike yn de Fryske dartwrâld. Op sneon spile Jan Wietse Punter (37) fan Frjentsjer noch in wedstriid yn Brabân mei it Fryske seleksjeteam. In dei letter kaam hy om it libben by in needlottich ûngelok.
Dat ûngelok hie plak by in pleats by Harns. Hy wie op it dak dwaande om in sinnepaniel wer fêst te meitsjen, dat troch de stoarm los rekke wie. Oant hy troch it dak foel. Hy rekke slim ferwûne en ferstoar op it plak fan it ûngefal. Jan Wietse lit in frou en in dochterke achter.
Syn teamgenoaten, mar ek 150 darters út de hiele provinsje en dêr bûten, kamen sneontemoarn yn Snits by elkoar. Foar oanfang fan de útfeart makken sy in earehage, mei harren dartpylken yn 'e hân.

Dartsirkwy

Jan Wietse wie al jierren in bekend gesicht yn it Fryske dartsirkwy. Hy spile yn de earedivyzje en ek yn de Fryske seleksje, dy't meidocht oan de lanlike dartkompetysje. Op tiisdeitejûn smiet hy syn pylken yn Tapperij 't Noord yn Frjentsjer. Hy wie bot fanatyk en miste dit seizoen noch gjin inkelde wedstriid.
Jan Wietse Punter
Jan Wietse Punter, mei syn teamgenoaten yn de bus © Eigen foto
Teamgenoat Andries Spin fan Berltsum hat jierrenlang mei Jan Wietse spile. Earst yn itselde kompetysjeteam yn Frjentsjer, mar de lêste jierren ek tegearre yn de Fryske seleksje. "Ik heb hem zaterdag na de wedstrijd nog thuisgebracht", fertelt Spin.
"Ik vroeg hem nog wat hij op zondag zou doen: "een beetje op de bank hangen en Formule 1 kijken", zei hij. Maar dat liep allemaal anders."
Jan Wietse Punter
Jan Wietse oan it darten op de Dutch Open yn Assen © Eigen foto
It feit dat der sneontemoarn safolle darters by it earbetoan wiene, docht de famylje fan Jan Wietse en syn teamgenoat hiel wat. "De dartwereld is vaak ook wel een beetje één grote familie. Je kent elkaar al heel snel. We hebben allemaal wel eens tegen of met elkaar gespeeld."
Hoe't syn teamgenoaten him heuge sille? "Als iemand die altijd positief was, ook als het even niet wilde. Jan Wietse was een echte teamspeler en hij was eigenlijk altijd aanwezig tijdens onze wedstrijden. We missen hem verschrikkelijk."