FIDEO: Sa sjocht Fryslân derút op de earste froastdei

Froast yn Fryslân
Nei wiken fan oanhâldende rein is it waarbyld yn Fryslân ynienen wer hielendal oars. Op de lêste dei fan novimber is de froast ynfallen.
In soad minsken moasten tongersdeitemoarn foardat sy yn de auto stapten de ruten skrabje en it slot ûntteie.
Op guon plakken yn de provinsje is in minimumtemperatuer fan -5 graden metten. Der wie tongersdeitemoarn noch koade giel ôfjûn foar snie, glêdens en min sicht troch mist. It winterwaar smiet wol moaie bylden op.