Auto beferzen? Dit moatst dwaan om gau wer op 'en paad te kinnen

Ja, it is wer dy tiid fan it jier
Ja, it is wer dy tiid fan it jier © ANP
Brrr! Sa tsjin de ein fan it jier sakket it kwik wer ûnder nul. De kâns is grut dat de auto moarns ûnder in laachje iis of snie leit. Wat kinst it bêste dwaan om gau en feilich op 'en paad te gean? De do's en don'ts op in rychje.
Te fluch fan hûs ride wolle, is sawiesa gjin goed idee. Want automobilisten binne ferplichte om genôch sicht te hawwen.
Ast allinne mei in lyts kykgat fuortrydst, riskearrest in boete fan 250 euro. As de bûtenspegels ek nochris beferzen binne, kin dêr nochris 150 euro bykomme. In djoer grapke, en noch gefaarlik ek.
Beferzen ruten en doarren binne gjin noflik begjin fan de dei. Mar om gau fuort te riden - of better noch: ellinde foar te kommen - kinst wol it ien en oar dwaan.
IIs en snie op de ruten?
  • Set dyn wekker wat earder. De auto iisfrij krije, kostet no ienkear wat tiid.
  • Skrabje. Brûk in plestik iisskrabber om it iis fan de autoruten ôf te krijen. Set dy skún tsjin de rút oan, dat wurket it fluchtste. Ast gjin skrabber by de hân hast, soest ek bygelyks in hurd paske of cd-doaske brûke kinne.
  • Spuitsje rútûntteier ('de-icer') op de ruten. Troch sa'n flakon te brûken, raant it iis flugger.
Mei in bytsje iis kin de-icer al fluch helpe
Mei in bytsje iis kin de-icer al fluch helpe © Shutterstock.com (R. Rizvanov)
  • Wa't it hat, kin fansels de foar- en efterrútferwaarming oansette.
  • Sitte de rutewiskers fêst? Tik se dan foarsichtich los mei de ruteskrabber. De auto earst ûntteie litte is altyd better.
  • Smyt gjin hjit wetter op de auto. Troch it temperatuerferskil kin it rút barste: in lyts stjerke kin al gau trochskuorre. Lijwaarm wetter (al as net yn in pûde) is ek gjin oanbefelling. Boppedat is soks minder effektyf as de iislaach te dik is.
  • It starten fan de auto helpt net in soad. De motor waarmet stasjonêr amper op, wylst it draaien wol min foar de auto en it miljeu is. Ast ienkear rydst en de motor echt waarmer wurdt, helpt it fansels wol. De fentilaasje kinst mei de regelaar op it foarrút sette en troch de sinnekleppen nei ûnderen te dwaan, bliuwt de waarme lucht út de blazers wat better hingjen.
Ferjit de spegels ek net
Ferjit de spegels ek net © ANP
  • Fei snie fan de auto ôf. Brûk dêrfoar in sêfte boarstel, sa't it gjin krassen opsmyt. Helje de snie fan de lampen, mar ek fan de motorkap. Want do wolst gjin plakkaat snie op it foarrút krije en dêrmei dyn sicht kwytreitsje. Ferjit ek net it dak, de spegels en kentekenplaat.
  • Wolst it hielendal ôfmeitsje, nim dan de binnenkant fan it rút ek noch efkes ôf mei in doek of lape.

Autodoar fêst?

  • Lûk net te bot oan fêstferzen doarren, want dêrtroch kinst de rubbers stikkenlûke.
  • Besykje earst ris in pear triuwen tsjin de doar te jaan, om derfoar te soargjen dat it iis brekt. Set dyn kont tsjin it portier, leun tsjin de doar en besykje it dan nochris.
  • As dat noch net helpt, is der swierder materieel nedich. Sa kinst bygelyks in waarme krúk of in pûdsje mei waarm wetter tsjin de doar lizze of in föhn brûke om de doar wat op te waarmjen. Rjochtsje in föhn net op de ruten, want troch it ferskil yn temperatuer kin dy barste. Ek kinne de rubbers útdrûgje of kin de lak skansearre reitsje.
  • Ferjit net dat ien fan de oare portieren mooglik makliker iepenet (om't de wyn faak út ien bepaalde rjochting tsjin de auto waait).

Hânrem fêst?

  • Start dan de auto en lit de motor waarmdraaie. Dat freget efkes geduld, mar eintsjebeslút kinst de auto wer gewoan fan de hânrem krije. It waarmdraaien helpt likegoed foar de hendel as de hânremkabel.
Fryslân waard tongersdei oerfallen troch it winterske waar

Foarkomme is better as genêze

It is in iepen doar, mar op froast en snie kinst dy fansels tariede. Previntyf kinst al genôch dwaan om letter problemen foar te kommen.
  • Hâld de waarfoarsizzing yn de gaten (tip: de waarpagina fan Omrop Fryslân).
  • Giet it friezen? Lis in beskermingstekken oer it foarrút, dan hoechst minder te skrabjen. Brûk hjirfoar gjin kranten, want dy kinne fêstfrieze. Jiskepûden of karton wurde ek wolris brûkt, mar in tekken is fansels it bêste.
In auto mei antyfriestekken
In auto mei antyfriestekken © ANP
  • Parkearje de auto mei de noas nei de rjochting dêr't de sinne opkomt. Ast pas wat letter op de dei fuort hoechst, dan kin dit tûk wêze, want de sinne helpt by it ûntteien.
  • Ast witst dat it slim frieze sil, kinst de rutewiksers ek omheech sette. Op dy wize plakke se ek net fêst. Oars kinne de wiskerblêden skansearre reitsje en yn it slimste gefal kin sels de rutewiskermotor stikken gean.
  • Brûk de blauwe antyfriesfariant as rutesproeierfloeistof. De floeistof dy'tst simmerdeis it bêste brûke kinst, is rôze fan kleur. As der noch wat rôze floeistof yn sit, kinst dat gewoan byfolje mei de blauwe winterfloeistof. Wol kin it noch krekt wat minder goed wurkje, om't de antyfriesfariant wat fertinne is.
In jerrycan mei rutewiskerfloeistof foar de winter
In jerrycan mei rutewiskerfloeistof foar de winter © ANP
  • Hâld de ruten skjin. Want focht bliuwt earder hingjen oan in smoarch rút.
  • Parkearje de auto yn de earste fersnelling of yn de P, yn stee fan de hânrem te brûken. In elektryske hânrem smyt gjin problemen op. Der binne ek modellen mei in automaat sûnder parkearstân. Yn dat gefal kinst it bêste de 'Drive' of 'efterút' ynskeakelje foardat'st de motor útsetst. Dan bliuwt de auto yn de earste- of efterútfersnelling stean.
  • It befriezen fan de autodoarren foarkomme? Hâld de rubbers fan de doar skjin en smar se yn mei spesjale rubberstick, rubberspray of mei talkpoeier. Sa komt der gjin focht tusken. Rubberfet of soerfrije faseline kin ek helpe, fierder is WD40 - lykas altyd - in wûndermiddel.
  • Om foar te kommen dat it portierslot fêstfriest, kinst der it bêste foar soargje dat it slot goed smard is (mei bygelyks WD40), dat ferdriuwt it focht. Der is ek spesjale slotûntteier te krijen, mar bewarje dy fansels altyd bûten de auto.