sc Hearrenfean is Pawel Bochniewicz langere tiid kwyt

Pawel Bochniewicz
Pawel Bochniewicz © Orange Pictures
sc Hearrenfean mist Pawel Bochniewicz foar it duel mei Almere City. Trainer Kees van Wonderen is benaud dat de sintrale ferdigener langere tiid net ynsetber is troch syn blessuere.
Yn de EK-kwalifikaasjewedstriid mei Poalen tsjin Tsjechië (1-1) op 17 novimber foel Pawel Bochniewicz nei in oere út mei in rêchblessuere. "We zijn Pawel nu al twee weken kwijt en het kan ook nog wel een paar weken duren."
It is neffens Van Wonderen dreech te sizzen oft Bochniewicz foar de winterstop foar Hearrenfean noch yn aksje komt.
Trainer Kees van Wonderen is benaud dat hy Pawel Bochniewicz lang misse moat
Van Wonderen: "Dat hoop ik wel, maar deze blessure kan heel hardnekkig zijn. We hebben Pawel er het liefst zo snel mogelijk weer bij, maar ik kan niet precies zeggen wanneer dat zal zijn."
Salang't Bochniewicz net ynsetber is, foarmet Sven van Beek mei Syb van Ottele it ferdigeningsduo.
Pawel Bochniewicz
Pawel Bochniewicz © Orange Pictures
Nei oerwinningen op Heracles Almelo (3-0), Vitesse (1-3) en Fortuna Sittard (3-0) stiet de ploech fan Kees van Wonderen wer yn it linkerrychje. Al moatte je no ek net de polonêze rinne, want it ferskil mei FC Utrecht, de nûmer 16, is mar 4 punten.
Van Wonderen: "Dat zeggen we volgens mij bijna iedere week, maar we staan er goed voor. We hebben ons ontworsteld uit een lastige fase en de jongens ontwikkelen zich goed."
De trainer sjocht it spul dêrtoch ferbetterjen. "Als wij zelf geconcentreerd zijn, maken we tegen Almere een goede kans. Ben je zelf niet goed, dan krijgen wij het in deze competitie tegen heel veel ploegen lastig."
De wedstriid sc Hearrenfean - Almere City begjint freed om 20.00 oere en is live te folgjen by Omrop Fryslân op de radio. It kommentaar komt fan Arjen de Boer. Yn it programma is der ek omtinken foar de wedstriid SC Cambuur - FC Eindhoven.
Almere City stiet op it 13e plak en hat ferline wike in geweldich pak op 'e bealch krigen fan Heracles Almelo. Yn eigen stadion waard de ploech fan Alex Pastoor mei leafst 0-5 ferslein. Mar dêrfoar waard der mei 2-2 lykspile tsjin Ajax en mei 2-1 wûn fan Sparta.

Noch in drege put

Van Wonderen: "Ik vind het een lastig te bespelen ploeg: ze winnen van Sparta, ze winnen van Utrecht en spelen thuis gelijk tegen Ajax. Ze hebben na een lastig begin hun speelwijze een beetje veranderd. Ze spelen enorm offensief, met veel één-tegen-één-duels. Ze spelen veel de lange bal en hebben veel beweging voorop."