Dieven slagge wer ta by dowemelker yn De Harkema

Do
Sa sjocht in Fryske sportdo derút © Eigen foto (Jouke Elzinga)
Der is op 'en nij ynbrutsen by dowemelker Jouke Elzinga yn De Harkema. Ferline wike is der byselde dowehâlder ek al foar in heal miljoen oan dowen stellen.
Ien of meardere dieders brutsen op 'en nij de hokken iepen en namen in grut oantal djoere postdowen mei. Yn totaal binne der sa'n 90 dowen meinommen. De wearde fan de stellen dowen wurdt op meardere tonnen rûsd.
Op 'e nij binne der dowen stellen
De plysje is úteinset mei in spoare- en buertûndersyk oan de Nijewei en yn omkriten. Der wurdt ek socht nei byldmateriaal en tsjûgen fan de stellerij.