HEA! De grutte krystljochtshow fan De Wylgen

HEA! De grutte krystljochtshow fan De Wylgen
Yn De Wylgen stiet in folslein kompjûtersjoerde krystljochtshow. Minsken kinne alle wykeinen komme te sjen by Siemen de Boer syn 20 minuten duorjende muzikale show mei sa'n 5.000 ljochtsjes.
It is lyts begûn, mar yntusken folslein út de hân rûn. Alle jierren wer is Siemen der moannen mei dwaande. Mar hy is entertainer en wol de minsken graach wat moais jaan om fan te genietsjen. Se meie frijwillich in bydrage leverje en dat giet nei in goed doel.