Drummer Erik fan The Homesick: "It is in werhelling, we dogge nea itselde"

Erik Woudwijk, The Homesick
Erik Woudwijk, The Homesick © Omrop Fryslan
Se wurde sjoen as ien fan Nederlânsk meast eigenwize bands: The Homesick út Dokkum. Drummer Erik Woudwijk fertelt oer it ûntstean fan nûmers, syn rol yn de formaasje en hoe't hy no nei syn berteplak sjocht.
Se kenne inoar sûnt harren jeugd. Erik Woudwijk (drums), Jaap van der Velde (bass) en Elias Elgersma (gitaar). En alle trije groeiden se op yn Dokkum. It trio besleat de muzikale krêften te bondeljen, wêrnei't The Homesick yn 2012 har earste noaten spile.
Woudwijk siet hjirfoar as tiener by de North Frisian Percussion Corps. It drummen fassinearre him. Elk lid naam lykwols mar ien drumûnderdiel foar syn rekken. De snaredrum, yn syn gefal. "Ik woe graach op in echt drumstel spylje, en bin doe op les gien. Dêr haw ik Elias kennen leard fia ús learaar. Letter kaam Jaap derby, dy't we fia-fia tsjinkamen."
As ús muzyk minsken oansprekt, dan is dat moai meinommen. Mar dêr leit net ús fokus.
Erik Woudwijk, drummer fan The Homesick
Kommersjele ambysjes hie de band net. En eins is der op dat flak net in soad feroare, seit Woudwijk. "Muzyk is in manier om ús uterje te kinnen. Dat moat dus op in manier gebeure dy't ticht by ús leit. As dat by minsken oanslacht, dan is dat moai meinommen. Mar dêr leit net ús fokus."
Woudwijk hat, krekt as de oare bandleden, Dokkum al in skoft ferlitten. Hy wennet yn it Dútske Oldenburg, dêr't er wurket by in bedriuw dat ljocht- en lûdapparatuer ferhiert. Ek helpt er mei opbouwen en ûntfermet er him oer it ûnderhâld. Sa bliuwt er dus ek bûten de band yn de wrâld fan de muzyk.

Net hechte oan Dokkum

"Soms kom ik yn de wykeinen wolris yn Dokkum, as ik myn âlden besykje. Foaral simmerdeis is it moai, dat lân om 'e stêd hinne. Rêstjouwend fyn ik dat", seit er. "Mar der is net folle te dwaan. Ik bin dan ek net oan Dokkum hechte."
De drummer genoat eartiids altyd fan de bandjûns yn it Fryske stedsje. "Dêr kamen je dan mei oare freonen, nei inoars muzyk lústerje. It wie altyd goed besocht en joech dy positive enerzjy."
In doel hie de band net. Mar dat docht neat ôf oan it fanatisme, seit er mei klam. De band makket dan ek moaie stappen. Sa sette The Homesick earder in hantekening by it respektabele label Sub Pop.
"It muzikale proses feroaret der net troch, mar it kin moaie kânsen biede. Nij publyk, mear optredens. We ha wolris yn Amearika west, net om te spyljen, mar om rûn te sjen. Dat is dochs wol hiel bysûnder hear, as je dêr toere."

Jamme op ideeën

It ûntstean fan nûmers bart meastentiids yn de oefenromte. Immen smyt in idee op, dêr't dêrnei op jamd wurdt. "Sa besykje wy dingen te sammeljen, dy't wy letter strukturearje en úteinlik in nûmer fan yninoar sette. It is dêrom oars as eartiids, doe't yn it foar alles al folle mear fêst lei."
As drummer giet Woudwijk mei yn de melodyen fan de gitaar. "Mar", sa seit er, "ik besykje net allinnich mar in praktyske rol te fertolkjen. It is funksjoneel, mar as it kin, dan smyt ik der graach wat kreativiteit yn. Sa hâld ik it ynteressant foar mysels. En as ik deryn trochsjit, dan sizze Jaap en Elias der wol wat fan, haha."

Op 'e nij útfine

The Homesick wol him elk album opnij útfine. "Sa besykje we stappen te meitsjen. Dat is in bewuste kar. Oars wurdt it saai", seit er. "It is dus in werhelling: we dogge noait itselde."

De top 5 fan Erik Woudwijk

Artyst Nûmer
Deutsch-Amerikanische Freundschaft Im Dschungel der Liebe
The Garden Horseshit on Route 66
Battles Fort Greene Park
It Dockumer Lokaeltsje Vienna
Deerhunter T.H.M.