Liveblog | 30 novimber 2023

112-nijs 30 novimber: Fryske diken sjippeglêd | Auto botst op struiwein

Yn dit liveblog hâlde we dy op de hichte fan it lêste 112-nijs yn Fryslân. Hjir fynst in oersjoch fan ûnder oare ûngelokken, brannen en ferkearsynformaasje yn ús provinsje.

Lêst bywurke: 30 novimber 2023, 19:56
19:56

Frachtwein glydt fan de dyk

Ljouwert
Ljouwert © Kappers Media
Op de Julianalaan yn Ljouwert is in frachtwein fan de dyk gliden. De wein stiet no fêst yn de berm.
Troch de snie is de dyk sjippeglêd. Mei in oare frachtwein wurdt no besocht de wein wer op de dyk te krijen.
18:47

Tjitske Wiebena: Kommende dagen mear sniebuien

Tjitske Wiebenga
Tjitske Wiebenga © Omrop Fryslân
We kinne de kommende dagen mear sniebuien ferwachtsje. Dat seit waarfrou Tjitske Wiebenga.
De buien ûntsteane boppe de Noardsee, en troch de noardewyn waaie se it lân op. Troch de kâlde boppe-loft ûntstiet der dan snie.
It byld is net yn hiel Fryslân itselde. Op guon plakken is der noch gjin snieflok fallen.
18:50

Auto op rotonde Dronryp

Dronryp
Dronryp © Omrop Fryslân
By Dronryp is in auto boppe-op in rotonde talâne kaam. Even letter soarge dat foar in twadde oanriding, doe't in oare auto tsjin in trekker mei in struiwein botste, dy't stean bleaun wie op it plak fan it ûngelok.
Neffens in earstehelpferliener binne der by beide oanridingen gjin minsken ferwûne rekke. Glêdens soe de oarsaak fan de oanridingen west ha.
18:32

Tonnen oan sâlt moatte diken begeanber hâlde

Gemeenten en provinsje binne nei de earste nachten mei froast drok dwaande om de diken begeanber te hâlden, seit Michiel Visser fan Provinsjale Wettersteat. "Wy binne mei man en macht oan 'e gong om de diken te foarsjen fan sâlt, sadat se net sjippeglêd wurde."
Allinne sâlt helpt net, seit Visser. "Der moat genôch ferkear oerhinne ride, it moat eins in soarte fan 'wurkje'. Dan wurde de diken it rapste wer stroef."
Wa't de kommende dagen mei de auto op wei giet, moat der goed om tinke, seit er. "Hâld ôfstân, en pas wat op mekoar. En ta beslút: Wês foarsichtich!"
18:23

Ien persoan ferwûne by oanriding yn Berltsum

Oanriding yn Berltsum
Oanriding yn Berltsum © AS Media
By in oanriding yn Berltsum is yn alle gefallen ien persoan ferwûne rekke. Op de Kleasterdyk binne twa auto's tsjin mekoar oan botst. It is net dúdlik hoe't dat krekt koe, al liket it derop dat de glêdens dermei te krijen hat.
It slachtoffer is mei de ambulânse nei it sikehûs brocht.
Behalve út Berltsum komme der ek meldingen fan oanridingen yn Drachten en Ginnum (by Dokkum).
17:46

Fryske diken binne sjippeglêd, KNMI jout koade giel om sniebuien

Ljouwert
Ferkear yn Ljouwert © Omrop Fryslân
Foar Fryslân hat it KNMI koade giel ôfkundige, yn ferbân mei glêdens. Troch de sniebuien dy't der op dit stuit falle, is it sjippeglêd op de diken.
It ferkear hat der al bot fan te lijen, op de sneldiken wurdt op ferskate plakken mar hiel stadich riden. Koade giel jildt foarearst fan 17.00 oant 05.00 oere moarnier.