Azc Balk bliuwt langer iepen, mar tal asylsikers wurdt wol stadichoan ôfboud

AZC Balk 2
AZC Balk 2 © Omrop Fryslân, Wytse Vellinga
It azc fan Balk bliuwt langer iepen. Dat hat de gemeenteried fan De Fryske Marren woansdeitejûn besletten oan de hân fan in amendemint fan de FNP.
Ut in eader draachflakûndersyk fan de gemeente die bliken dat 48 persint fan de ûnderfrege minsken foar it iepenhâlden fan in azc is. 39 persint is tsjin en 13 persint neutraal. Yn totaal hawwe 1.036 húshâldingen út Balk, Wikel, Harich en Rûgehuzen meidien oan it ûndersyk.

Ofbouregeling

De FNP en Kleurrijk Fryske Marren hawwe in amendemint yntsjinne. De partijen stelle foar om fan 1 jannewaris ôf it azc yn Balk te sluten, mar nije minsken dy't no oanklopje, meie der wenjen bliuwe.
Der sil dan in ôfbouregeling troffen wurde moatte, sadat oer maksimaal trije jier it azc echt ticht is. It amendemint soe 'yn de geast fan de spriedingswet' wêze. Dêrby soe eltse gemeente mooglik 225 persoanen opfange moatte.
Mei de moasje hoopje de partijen "rjocht te dwaan oan de iene kant fan de ynfollers en oan de oare kant fan de ynfollers." Hjirmei doele se op it draachflakûndersyk fan de gemeente.
It amendemint fan de FNP is troch de gemeenteried oannaam, mei 27 stimmen foar en 3 tsjin.

'Fergunning net offisjeel rûn'

De fraksjefoarsitters fan de VVD en it CDA murken yn de riedsgearkomste op dat de fergunningen fan it azc Balk noch net rûn binne. It sintrum hat gjin offisjele fergunning om't der in ferkearde proseduere folge is.
GrienLinks wie foar it foarstel om it azc te ferlingjen, mar dan moat de húsdokterssoarch net op besteande praktyken telâne komme, sei riedslid Theo van Bruggen. "Ook wij vinden net als de FNP dat de gemeenteraad de zorg van de tegenstanders moeten meewegen."

225 is it 'streefgetal'

Ek D66 stimde foar it foarstel om it azc te ferlingjen. Fraksjefoarsitter Henk Koops pleite wol foar lyttskalige opfang binnen de gemeente en dan it leafst yn de trije grutste kearnen: De Jouwer, De Lemmer en Balk.
Balk is dan likegoed oan bar, mar it draachflak is grutter foar it opfangen fan lytsere groepen minsken, stelt Koops. Neffens him moat it begrinzjen oant 225 op te fangen minsken it "streefgetal" wurde foar de gemeente en dêrnei stadich ôfbouwe.
Portefúljehâlder Fred Veenstra neamde it in 'ûngemaklik debat'. "Want it is net ús probleem. It is it probleem fan de lanlike oerheid." Dêrneist wie it neffens Veenstra ûngemaklik om't eardere bestjoerders yn 2015 keazen ha foar in azc foar fiif jier en "dêr wurde we sûnt dy tiid troch achterfolge."
It azc yn Balk is yn 2016 iepene en soe fiif jier letter wer tichtgean. De ried besleat yn de simmer fan 2021 dat it asylsikerssintrum fan Balk net langer iepen bliuwe koe. Op grûn in draachflakûndersyk, wêrby't in mearderheid fan de direkte omwenners woe dat it sintrum tichtgie, is besletten net te ferlingjen. It kontrakt mei it COA wie nei fiif jier ferrûn en dan jildt "afspraak is afspraak", sei it kolleezje doe. Dochs kaam it net safier.
It COA hat de gemeente frege om it sintrum yn Balk langer te hâlden yn ferbân mei in grutte tastream fan flechtlingen. It kolleezje seach de maatskiplike taak om opfang te bieden oan minsken yn need.
De ried joech yn oktober 2021 grien ljocht foar it iepenhâlden fan it azc foar nochris twa jier. Alle partijen fielden har ferantwurdlik, al hat it bygelyks by de fraksje fan de FNP foar diskusje soarge. Eardere tasizzingen en besluten makken plak foar de humane help oan minsken yn need oant 1 oktober 2023.
Yn ferbân mei it draachflakûndersyk fan de gemeente is besletten om de dizze slútingsdatum op te skowen nei 1 jannewaris fan it nije jier.