Tsientûzenen euro's skea nei brân by scoutingferiening op It Hearrenfean

De brân ûntstie oan de êfterkant fan dit gebou
De brân ûntstie oan de efterkant fan dit gebou © Omrop Fryslân, Timo Jepkema
It fertriet is grut by Scoutingferiening Polaris op It Hearrenfean. De skea nei in fûle brân by harren tydlike ûnderkommen wurdt rûsd op tsientûzenen euro's. De feriening sit mei de hannen yn it hier troch de fjoersee fan woansdeitemoarn.
De brân is oantstutsen; by de ôfbaarnde konteners waard fjoerwurk en brânber guod fûn. Oft it giet om in rjochte aksje tsjin de feriening, is net dúdlik.
De plysje docht dêr ûndersyk nei, sa seit it bestjoer fan Polaris. Frijwilligers wienen oeren nei de brân al drok om it measte ferbaarnde guod ôf te fieren.
It fjoer ûntstie woansdeitemoarn by it gebou dat op yndustryterrein IBF leit, oan de eastkant fan It Hearrenfean. It brânwachtkorps fan Tsjalbert hat de brân útmakke.
In bestjoerslid fan Polaris nimt de skea op
In bestjoerslid fan Polaris nimt de skea op © Omrop Fryslân, Timo Jepkema
Scoutingleden Amarins Landstra en Tes Vlaminkx tille in oantal oeren nei de brân ferbaarnd guod nei in ôffalkontener, mar fûnen noch wat lytse dinkjes yn 'e jiske. "In bearke. Mar mear is der hast net. Alles kin fuort", fertelt in fertrietlike Amarins.

"Kinderen zijn de dupe"

Hast al it materiaal fan de scoutingferiening moat as ferlern beskôge wurde. Allinnich in tydlik kantoar yn in kontener is net opgien yn it fjoer. De brân ûntstie yn de efterkant fan in houten gebou dat tusken twa konteners siet.
De klap foar de feriening is grut. "Wij staan natuurlijk voor de maatschappij. We doen veel binnen de gemeente, voor de gemeenschap. Ik kan dan ook echt niet bedenken wie zoiets zou doen", seit bestjoerslid Tom Gerrits. "Vooral de kinderen zijn nu de dupe, we hebben geen plek meer."
Grutte skea by scoutingferiening
Hoe't it mei de fersekering komt, wit Gerrits net. "Vaak is het te duur om materiaal te verzekeren."
De plysje hat it fjoerwurk dat fûn is yn ûndersyk. Der soe tusken it guod dat yn de brân stutsen is ek in namme fûn wêze, mar wat dy namme mei de brân te krijen hat, is net dúdlik. "Het leek wel een sinterklaassuprise met veel oud papier", seit Gerrits.
Polaris wol no op syk nei in nij ûnderkommen en hopet dêrby op stipe fan de gemeente Hearrenfean. Ek is der in crowdfundingsaksje yn it libben roppen.