Acht Fryske fergêsters op slot troch te hege konsintraasje amfetaminen

In kofergêster op de Dairy Campus yn Ljouwert
In kofergêster op de Dairy Campus yn Ljouwert © ANP
By acht fan de fjirtjin kofergêsters yn Fryslân is in te hege konsintraasje fan amfetaminen oantroffen. It saneamde digestaat dat se meitsje, mei dêrtroch net mear as dongstof brûkt wurde. Dêrom sitte de bedriuwen no op slot.
Yn in kofergêster wurdt dong ferminge mei biologysk ôffal, lykas mais of gers. It fergêstingsproses smyt grien gas op, mar ek bliuwt der saneamd digestaat oer. Dat kin brûkt wurde as dongstof op it lân.

Speed

Begjin oktober waard dúdlik dat der by in kontrôle yn juny te hege wearden fan potinsjeel gefaarlike stoffen oantroffen wiene by njoggen Fryske kofergêsters. It probleem spilet ek by kofergêsters yn Grinslân en Drinte. In twadde kontrôle toande opnij te hege konsintraasjes fan amfetaminen oan.
Amfetaminen binne it belangrykste yngrediïnt foar de drug speed. Mar se wurde ek brûkt yn medisinen, bygelyks foar ADHD-pasjinten.
deputearre steaten
Deputearre Matthijs de Vries © Provinsje Fryslân
It is net dúdlik wêr't de amfetaminen krekt weikomme, seit deputearre Matthijs de Vries: "We binne op dit stuit fansels drok dwaande om dat út te sykjen, mar dat is dreech. De eigeners fan de kofergêsters witte it ek net."

Grut probleem

It betsjut wol dat kofergêsters harren guod net kwyt kinne, seit de deputearre. "Kinst it digestaat net mear útride oer it lân. Dan bedarre dy amfetaminen yn de boaiem en dat wolst gewoan net. Dus no binne wy oan it sjen oft wy it tydlik opslaan moatte, of dat we it allegear ôffiere moatte. Dat hat fansels grutte finansjele gefolgen. Dus dit is echt wol in grut probleem."
Mei de provinsjes Grinslân en Drinte is De Vries op syk nei in oplossing. Mar de romte om wat te dwaan is lyts, seit er. "Elke dei dat sa'n kofergêster net fierder kin, is in probleem. Dat probleem sjogge wy ek wol, mar de mooglikheden binne op dit stuit gewoan hiel beheind."