Boubedriuwen net benaud foar stop ferduorsumingsprojekten

boubedriuwen
Boubedriuw oan it wurk © Omrop Fryslân, Ronnie Porte
Boubedriuwen ferwachtsje net dat se minder ynsette moatte op ferduorsuming, wannear't in nije regearing it klimaat net belangryk fine sil.
Ek al sizze partijen as NSC en PVV dat se it klimaatfûns ôfskaffe wolle: yn in koälysje sille se dochs minder ekstreme lûden hearre litte, sa is de ferwachting. En it is noch ûnwis hoe't in kabinet derút komt te sjen. Yntusken geane bouwers gewoan troch.
Boubedriuwen sette ferduorsumingsprojekten troch
"Yn alle programma's wurdt oandacht bestege oan sosjale wenningbou en oan middenhier. Dus ik tink dat elke partij in koers yn de goede rjochting hat", seit Biense Dijkstra fan DijkstraDraisma.
"By ferduorsuming sette we troch op ús eigen koers. Want as de oerheid it net opleit, sa't it moat, dan bliuwe wy it sels gewoan dwaan. Wy hienen de oerheid earder pushe moatten."
boubedriuwen
Wurk oan in hûs © Omrop Fryslân, Ronnie Porte
Grutte ferduorsumingsprojekten yn it Noarden binne al yn gong set. Dy hawwe meardere doelen. "It giet om leefberheid. We frisse de wenningen op", seit direkteur Roelof Faber fan boubedriuw Van Wijnen yn in wenwyk yn Gryptsjerk, dêr't se de huzen isolearje yn opdracht fan in wenningkorporaasje.
"Mar úteinlik giet it ek om de beurs fan de bewenners. As je hjir sjogge dat bewenners 60 persint op de enerzjyrekken redusearje, dan is dat in soad jild en dat is hiel belangryk."

'Better op langere termyn'

Dêr sil sels it ôfskaffen fan it klimaatfûns neat oan feroarje. It makket it wol wat yngewikkelder. "Al kin dat foar it klimaat mooglik net goed wêze, dan moatst it dochs noch wol goed dwaan", fynt Dijkstra.
"Ast oan ferduorsuming dochst en bygelyks oan waarmtepompen tinkst of folle effisjintere gebouwen dy't minder enerzjy ferbrûke, dan is dat altyd better op langere termyn. Ek foar de sosjale hierder dy't belang hat by in lege enerzjyrekken."
Ut ûndersyk fan de ekonomen fan de ABN AMRO docht bliken dat it Noarden in soad klimaatkwetsbere wenwiken hat mei risiko's op fundearringsskea en oerstreamingen. De Ryksoerheid soe just mear ynvestearje moatte yn bygelyks in werstelfûns foar klimaatskea, sizze se.