Fryslân hat efterstân as it giet om opfang statushâlders: "Er is te weinig gebouwd"

In opfangplak foar statushâlders
In opfangplak foar statushâlders © Omrop Fryslân, Andries Bakker
Fryske gemeenten hawwe in efterstân yn it opfangen fan statushâlders. Dat is net út ûnwil, der binne ienfâldichwei te min wenningen. Dêrom lûkt Erik de Groot wurdfierder van de Vereniging van Nederlandse Gemeenten (VNG) Fryslân oan de belle.
"Er wordt heel hard gewerkt om huisvesting te bieden, maar dat lukt niet altijd", seit De Groot. "In de afgelopen jaren is er te weinig gebouwd en er zijn veel doelgroepen op zoek naar woningen, terwijl de mutatiegraad heel laag is."

300 mei rjocht op wenning yn azc

Yn de twadde helte fan 2023 hiene 957 flechtlingen mei in status yn Fryslân in hûs krije moatten. Uteinlik krigen 656 minsken in hûs. 300 Sitte dus noch yn in azc wylst se rjocht op in wenning hawwe.
Neffens De Groot begrypt it Ryk de situaasje yn Fryslân somtiden net. "De inkomens liggen in Fryslân lager dan in de Randstad. De 'top' van de woningbouwplannen is hier daardoor onrendabel. We zitten niet op één lijn, dat is frustrerend."
De oplossing is dúdlik: bouwe, mar dat is makliker sein as dien. "Dat betekent dat er voldoende financiële middelen moeten zijn, investeringsruimte om te kunnen gaan bouwen."
De Groot hopet dat it nije kabinet daliks 'hûsfêsting' boppe-oan it prioriteitelistke set. "Voor alle doelgroepen", heakket hy deroan ta.