Stellerij yn De Harkema skokt dowewrâld: "Hy heart by de bêsten fan Fryslân"

Twa dowen
Twa dowen © ANP
Dat der foar mear as in heal miljoen euro oan dowen stellen is by in dûbele ynbraak yn De Harkema soarget foar in skok yn de dowewrâld.
De rest fan Fryslân fernuveret him deroer dat dowen sa djoer wêze kinne.
Dowemelker Jouke Elzinga fan De Harkema is dizze wike twa kear kear bestellen. Tsientallen fokdowen en aaien binne meinaam. De skea rint flink yn de papieren.
"It giet om de klok. De do dy't it hurdste fleane kin, is it measte jild wurdich", leit doweman Symen Timmermans út.
Dowen op transport
Dowen op transport © ANP
By wedstriden wurdt eksakt de tiid byholden dy't in do nedich hat om wer thús te kommen. Dat giet mei chip, yn in ring oan de poat.
It giet hast altyd goed, seit Timmermans. Hast.
"In pear jier lyn wie der ien, dy hie de ring net om de poat fan de do, mar yn de bûse. Dus dy koe de tiid al stilsette foardat de do thús wie. Mar soks komt fansels altyd út."

"Elts is hjir duvelsk om"

It jild wurdt net fertsjinne mei it fleanen, seit Timmermans, mar yn de kweek. De dowehâlder fan De Harkema, dy't no twa kear yn ien wike tiid bestellen is, hie in hiel goed kweekhok. "Hy heart by de bêsten fan Fryslân."
Dowehâlder Piet Broersma seit dat ek. "Elts is hjir duvelsk om. Dat fernim ik ek yn de groeps-app fan ús feriening. Dêr komme termen út, dy sil ik mar net werhelje. "
"Der wurdt de dieven net folle goeds tawinske"
It binne benammen jonge dowen dy't ferkocht wurde. As de heite- en memmedo goed prestearre ha, betelje keapers samar pear tûzen euro foar in pykje dat noch noait flein hat.
"Dat is gjin útsûndering", seit Timmermans. "Sokke dowen wurde dan ferkocht yn Sina of Taiwan. En ien do kin wol tsien jongen it jier krije. Rekkenje mar út."
Dowen yn it hok
Dowen yn it hok © ANP
In do dy't wat prestearre hat, is goud wurdich, seit Timmermans, as der jongen fan komme. Ien topdo kin wol hûnderttûzen euro opsmite.

Hoe witte dieven wêr't se wêze moatte?

Foar in krimineel is it net al te dreech om út te finen wa't de bêste dowen fan Fryslân hat, seit Timmermans. "Sokken komme yn de dowewrâld yn it nijs."
De goeien ha ek in eigen webside, dêr't se de prestaasjes fan de dowen op fermelde. De útslaggen fan de wedstriden binne rûnom bekend.
De start fan in wedstriid
De start fan in wedstriid © ANP
"Se sette har eigen dowen yn de etalaazje", seit Timmermans. It is goed foar de saken.

Makelder yn dowen

In part fan de wearde fan in do sit him ek yn de namme. "Marketing, of branding", neamt Gerrit Veenstra dat. Hy is dowemakelder en bringt keapers en ferkeapers fan dowen byinoar.
"Soms is it ek wol in hype, as in do it goed docht. As er in titel wint, giet de priis omheech."
Dowen op stôk
Dowen op stôk © ANP
Veenstra begûn yn de coronatiid as dowemakelder. Syn heit is dowehâlder, en ferkocht wolris in do nei Sina. Doe't in Sineeske keaper troch it firus net mear nei Nederlân komme koe, hat de jonge Veenstra hjir foar him wurke.
Yntusken hat er al mear as hûndert dowen ferkocht.

Earder in Sinees as in Nederlanner

Der giet in soad jild om yn de dowewrâld, seit Veenstra. "Sineeske keapers lizze der flinke bedraggen foar del." In grut part fan syn omset hellet er út Sina.
"Dy super-prestaasjedowen, dêr komt earder in Sinees foar as in Nederlanner. It is dêr prestiizje en it leveret se bekendheid op."
Dochs tinkt Veenstra net dat de dowen dy't stellen binne út De Harkema no ûnderweis binne nei Sina.
"Dy kâns liket my net sa grut. Je ha se net samar dêr. Der is in soad kontrôle op it transport. Ik tink earder dat se yn 'e rjochting fan East-Europa binne."

Alle dowen lykje opinoar

It ferskil tusken in gewoane do en in topdo is eins net te sjen, seit Veenstra. "Miskien kinst it fiele, ast 'm yn de hannen hast. Dan hat de topdo bettere rêchspieren."
Je witte it pas as je nei de ring sjogge. "De eigener kin se miskien wol útinoar, mar foar de leek is dat hiel lestich."
Dit is nei alle gedachten de reden dat de dieven net allinne de topdowen meinimme, mar alle dowen. Dan kinne se letter de goeien der útsykje.
In do mei in ring
In do mei in ring © ANP
De bêste dowen fleane net mear, seit Veenstra. "Dat is te gefaarlik. Miskien krije se ûnderweis in ûngelok, dat se tsjin triedden oanfleane, of sa. Of se wurde pakt troch in rôffûgel. Dat risiko is te grut."
Veenstra tinkt net dat de stellen dowen noch fleane sille. Foardat je it witte, fleane se wer nei hûs. In protte kinne de dieven der dus net mei dwaan.
"Se kinne se eins allinne mar yn in hok sette, om te kweken", seit Veenstra.
"Ferkeapje kin net, omdat der gjin stamkaart by sit." Goeie dowen wurde eins altyd ferkocht mei sa'n stamkaart, dêr't op stiet wa't de heit en de mem binne.

Kamerabylden

De kâns dat de dowen noch weromkomme, is lyts. Twa jier lyn binne der yn Steggerda in lytse hûndert dowen stellen. Dy binne noch hieltyd poater, mar de dieven binne pakt.
Kamerabylden dy't op sosjale media dield waarden, ha dêr in krúsjale rol yn spile. No binne der ek wer kamerabylden, fan in auto dy't mooglik wat mei de saak te krijen hat.
Kamerabylden fan de auto yn De Harkema
Kamerabylden fan de auto yn De Harkema © Famylje Elzinga
"De langer it duorret dat se fûn wurde, de lytser de kâns wurdt", seit Veenstra. "Ik hoopje dat der de kommende dagen noch minsken binne dy't wat sjoen ha."
It begruttet him foar de bestellen dowehâlder. "Dit wie echt syn libbenswurk, it is in flinke skok. En dat se dan ek noch in twadde kear weromkomme... It is ûnfoarstelber dat se dat doare."
Omrop Fryslân hat kontakt hân mei de dowehâlder fan De Harkema dy't no yn koarte tiid twa kear bestellen is, mar hy woe foarearst gjin reaksje jaan foar de kamera.