De toan fan Froukje Sijtsma: "Helmke op"

de toan fan kollum froukje sijtsma
Froukje Sijtsma © Omrop Fryslân
"In tal jierren ferlyn wie ik foar de Omrop by in jiergearkomste fan de Koninklijke Vereniging De Friesche Elf Steden. Op de aginda stie it fraachstik oft reedriders by in potinsjele folgjende Alvestêdetocht ek in helm drage moatte soenen.
By de lêste tocht fan 1997 foelen 50 reedriders út troch slim holleletsel. It bestjoer beslute úteinlik yn 2016 dat as der oait wer in Alvestêdetocht op iis hâlden wurdt, dat it dragen fan in helm dan ferplichte is. Gjin helm betsjut gjin krúske.
De toan fan Froukje Sijtsma
Hollebeskerming, ek op it iis, wurdt hieltyd populêrder. Provinsje Fryslân fiert trouwens ek al jierren wakker kampanje. De subsydzjepot foar koarting op fytshelmen foar 55-plussers is altyd samar leech. Lykas by in soad oare saken yn it libben, jildt: as der ien skiep oer de daam is dan folgje der faak mear.
Dochs binne der noch altyd in soad minsken dy't harren skamje om in helm op te setten. It sjocht der ommers net hiel stoer út. Dat sei myn dochter lêst ek doe't se wer mei har skeelers op 'en paad soe. Mar se wit hokker ferhaal har mem har dan sa no en dan wer ophinget.
Dan fertel ik har oer Iris, in jonge en sportive dokter, oer wa't de Omrop oait in reportaazje makke.
By de fytsalvestêdetocht fan 2017 foel Iris keihurd fan har racefyts, doe't sy in fallende fytser foar har net mear ûntwike koe. Har helm wie dwerstroch en se waard mei in ambulânse nei it sikehûs brocht.
Noch alle dagen hat se te krijen mei de gefolgen fan net-oanberne harsenletsel. Se is gau wurch en kin har minder goed konsintrearje. Se fertelde my dat se by de Alvestêdetocht in stikje fan harsels ferlern is. Wurden dy't my noch gauris troch de holle sjitte.
It ferhaal dat ik myn dochter net fertel is dat ik as lyts famke sels noait hollebeskerming ophie. Hynderride, skeelerje en reedride, dêr kaam noait in cap of helm by sjen. Mar tiden feroarje en sa stadichoan haw ik foar eltse aktiviteit wol in helmke.
Ientsje foar by myn freon achterop de motor, ientsje foar it skeelerjen, in eksimplaar mei hippe sinnebril foar it skieën en koartlyn kocht ik ek noch in hearlik azemjende foar it mountainbiken.
Dy helm hie ik foaral kocht om't ik mysels oanpraat hie dat ik hartstikke foar gek stie mei myn bolle skeelerhelm op in mountainbikeparcours. En ast der dan dochs foar kiest om foar gek te stean, dan leaver wol yn styl.
It omkearpunt wie foar my twa jier lyn op it iis. Mei in pear prachtich kâlde dagen, ried ik mei in waarme mûtse op de holle oer it hearlike iis op de Feinsumerfeart en de Dokkumer Ie.
Ta de lêste iisdei moast ik fan mysels de redens ûnderbine. Ek al wie it eins gjin dwaan mear mei teiwaar en stroffelen en knoffelen wy troch gigantyske kraters yn it minne iis op de Bonkefeart. Mei it ferhaal fan dokter Iris yn myn achterholle ried ik ûnder it Alvestêdemonumint troch en besleat ik: fan no ôf draach ik by riskante sporten in helm."