Festival set nachtlik Drachten yn de spotlights mei ljochtsjende kninen

knyntsjes
It binne knyntsjedagen yn Drachten © Omrop Fryslân
Projektearre blommen op gebouwen, ljochtjouwende skommels en opblaasbere tulpen yn grut formaat. Keunstwurken yn Drachten jouwe dizze wike kleur oan de nacht by it festival 'Licht op Drachten'.
Nettsjinsteande de rein en de snie is it drok yn 'e jûntiid yn Drachten. Besikers skûlje net yn restaurants, mar tôgje just de strjitte op om de ljochtkeunst te bewûnderjen.
Foar it earst nimme keunstners út binnen- en bûtenlân har ljochtjouwende stikken mei nei de stêd. It idee komt út de koker fan Lieuwe Krol, foarhinne direkteur fan Tall Ships Races Harns. Hy waard frege om in evenemint te betinken foar de gemeente Smellingerlân.
It gemeentehûs fan Smellingerlân yn 'e blommen
It gemeentehûs fan Smellingerlân yn 'e blommen © Omrop Fryslân
"Drachten is in ynnovative 'maakstad'. Dêr past in ljochkeunstfestival hiel goed by."

Hoekich Drachten

Nei't it siedsje plante wie, lei de organisaasje yn hannen fan teätermakker Karina Kroft en technysk ûntwerper Remko Smids. De twa Friezen ûntwurpen earder ljochtkeunstwurken foar oare festivals yn Stockholm en Grins, mar nea earder hiene sy de lieding oer sa'n evenemint.
Sa sjocht it ljochtkeunstfestival yn Drachten derút
"Wy ha besocht benammen rûne, froulike foarmen te brûken. Dat stiet yn moai kontrast mei it dochs wol hoekige Drachten."
De keunstners wiene bliid dat se Drachten opfleurje mochten. "Het heeft zoveel mooie onontdekte hoekjes. Er waren eigenlijk te veel plekken om uit te kiezen. Die komen volgend jaar misschien aan bod", seit Karina Kroft fan it duo.
It festival is in feest foar besikers, mar ek foar ûndernimmers. Douwe van Drogen, sintrummanager Drachten, hopet dat it festival ek de kassen fan winkellju en hoareka spekke sil.
"We hebben bewust gekozen voor deze periode, waarin er in de regio relatief weinig andere evenementen zijn. We denken in de periode voor Sinterklaas en Kerst veel bezoekers naar Drachten te kunnen trekken."
It festival duorret tsien dagen en is noch oant en mei snein 3 desimber te sjen fan 17.00 oant 22.00 oere. De yntree is fergees.