Fryske pipernuten meie net mear ferkocht wurde om gefaar foar sûnens

Fryske pipernuten
Fryske pipernuten © Modderman BV
Leafhawwers fan de echte Fryske pipernuten moatte nei oar Sinteklaaslekkers gripe dit jier. De pipernuten meie net mear ferkocht wurde. Dat komt troch strangere regeljouwing fan de Europeeske Kommisje.
It hat alles te krijen mei in stofke dat frijkomt by it bakken fan de pipernuten: akrylamide. Ut ûndersyk docht bliken dat dizze stof kanker feroarsaakje kin.
Neffens Europeeske regeljouwing leit it gehalte oan akrylamide by de Fryske pipernuten boppe de noarm.

Wat is akrylamide?

Akrylamide is in stof dy't ûntstean kin as setmoalrike produkten hjit makke wurde boppe de 120°C, sa as by fritueren, roasterjen en bakken. By it sieden fan iten ûntstiet gjin akrylamide.
It komt net allinnich foar yn Fryske pipernuten, mar bygelyks ek yn patat, sjips, kofje, koeke, (roastere) bôle, koekjes en crackers. By Fryske pipernuten is it persintaazje lykwols te heech befûn.
De Europeeske autoriteit foar itensfeiligens EFSA konkludearret út ûndersyk dat de ynname fan akrylamide fia iten it risiko op it ûntwikkeljen fan kanker ferheegje kin, al binne proeven op minsken beheind en net hielendal slutend.
It spile ferline jier eins al, fertelt Nadine Modderman fan pipernuteprodusint Modderman BV yn Rotsterhaule. "Mar medio dit jier kaam der dúdlikheid oer de regels."
De maksimumlimiten binne omleech gien. "En de NVWA (Nederlandse Voedsel- en Warenautoriteit, red.) hanthavenet dêr ek op. Se komme alle jierren by ús del om meunsters te nimmen."
Fryske pipernuten en krûdnuten
Fryske pipernuten (links) en krûdnuten (rjochts) fan Modderman © Modderman BV
Modderman hat de produksje fan Fryske pipernuten stopset en rjochtet him no foaral op it meitsjen fan krûdnuten. It bedriuw is de iennichste grutte produsint fan Fryske pipernuten. Dat betsjut dat se dit jier hast net yn de winkels lizze.
Dat der yn de pipernuten tefolle akrylamide sit en yn krûdnuten net, komt mooglik troch it bakproses. Mar it soe ek oan de yngrediïnten lizze kinne.

Djoer en arbeidsyntinsyf

Akrylamide is net de iennichste reden wêrom't it bedriuw de pipernuten net mear makket. Fryske pipernuten binne frij djoer en arbeidsyntinsyf om te produsearjen, en dêrneist is der in tekoart oan produksjepersoniel.
Oanpassingen dwaan is dreech en kostber. "It is dêrom lestich om in earlike priis te krijen by de retail yn Nederlân, en dus de grutte ynkeapketens."
Boppedat is de ôfsetmerk lyts, want it is benammen in regionaal produkt. "It leeft hjir bot, mar ûnder de rivieren net", fertelt Modderman. "En wy moatte it ha fan massaproduksje. Ek moat it foar in appel en in aai yn 'e winkel. Wolle en kinne je dat?"
Fryske pipernuten oars as krûdnuten
De Fryske pipernút wurdt bakt op basis fan taaitaaidaai. Dat is hiel oars as it spekulaasdaai, dêr't krûdnuten fan makke wurde.
De yngrediïnten wurde op ferskillende mominten trochinoar mingd, yn it begjin ek waarm. It daai moat inkelde dagen rêste (bestjerre is de fakterm) foardat de krûden en riismiddels derby gean. Nei't it noch in nacht oan de kant set is, kin it yn de foarmmasine en dêrnei de oven yn.
By krûdnuten wurde alle yngrediïnten yn ien kear byinoar dien. It kâlde daai wurdt dêrnei direkt ferwurke en ôfbakt.
Nei it bakproses binne de Fryske pipernuten bros en hurd. Ien kear yn 'e mûle, rane se op de tonge, sizze de bakkers.
It bedriuw prakkesearret oer hoe't it no fierder moat. "Wy meitsje al desennia lang Fryske pipernuten. Moatte we dan no ús resept oanpasse? De grûnstoffen of de bakwize? Je witte it net." Se wolle it leafst de kenmerken fan de orizjinele pipernút behâlde.

Spitich

Omdat de Fryske pipernút mar in lyts part fan de totale produksje is, hat it gjin grutte gefolgen foar it fabryk. Dochs wolle se de produksje gau wer oppakke. "As je it net hoege te meitsjen, ferlieze je ek neat. It is gjin nekslach foar ús, mar we fine it wol jammer."
"We moatte earst proeven dwaan mei de resepten en de ynstellingen fan de oven. It Sinteklaasseizoen is no oer foar ús, mar wy hoopje wol stappen te nimmen om takom jier wer Fryske pipernuten te meitsjen."
Ambachtlike Fryske pipernuten (út de supermerk)
In pakje ambachtlike Fryske pipernuten © Omrop Fryslân
Ek lytsere bakkersbedriuwen ha te krijen mei de strangere Europeeske regels. Bakker Van den Berg yn Burgum, dy't tsien ferkeappunten hat yn it noardeasten fan de provinsje, is dêrom ek ophâlden mei it bakken en ferkeapjen fan de Fryske pipernuten. "Helaas, se meie net mear makke wurde", seit in meiwurker.
Foar harren is it ek noch ûnwis oft se de pipernuten takom jier wer yn it assortimint ha. "Wy moatte der nochris nei sjen oft it oars kin. Dat hoopje we natuerlik wol, dat it oait wer kin, op in oare manier. Mar wannear is noch de fraach."

Dochs noch Fryske pipernuten

Der binne ek bakkers dy't se noch wol ha, bygelyks de Fryske Bakkerij Baarsma yn Boarnburgum. "Mar dy fan my binne oars", seit eigener Folkert Baarsma. "Dy binne ek folle ljochter fan kleur. Foaral by dy donkere, brune komt akrylamide om 'e hoeke sjen."
Al seit er der wol by dat hy der net wis fan is oft der tefolle akrylamide yn syn pipernuten sit. "Dat soe kinne, dat wit ik net. Ik ha se noait ûndersykje litten."
Wat Baarsma oanbelanget, kin it sinteklaasfeest trochgean mei Fryske pipernuten. "Jaseker. Wy draaie elke wike noch by, dus it kin heve."