KAART: Pleatsing iepenbiere laadpeallen rint fier achter op skema, mar "ambysje is der"

Laadpeal
Laadpeal © ANP
It pleatsen fan iepenbiere laadpeallen yn Fryslân rint fier achter op skema. Foar de ein fan 2024 moatte der 700 iepenbiere laadpeallen bykaam wêze yn fergelyk mei de simmer fan 2022. Oant no ta binne der 200 pleatst. Dat docht bliken út in ynventarisaasje fan Omrop Fryslân.
De provinsje Fryslân nimt, yn opdracht fan santjin fan de achttjin Fryske gemeenten, de pleatsing fan laadpeallen yn de iepenbiere romte foar syn rekken. Allinnich de gemeente Súdwest-Fryslân docht net mei, sy ha in eigen konsesje útskreaun.
De útrol fan iepenbiere laadpeallen rint fier achter op skema yn Fryslân
Ynwenners fan Fryslân kinne online in oanfraach foar in iepenbiere peal yntsjinje. Gemeenten kinne ek op eigen inisjatyf lokaasjes oanwize. Wannear't in oanfraach goedkard is, pleatst it bedriuw TotalEnergies de peal.

'Hoge ambitie'

TotalEnergies lit yn in reaksje witte dat it resultaat oant no ta "niet volledig in lijn loopt met onze initiële planning". Dat komt om't it bedriuw ôfhinklik is fan ferskate faktoaren by it pleatsen fan de peallen, seit in wurdfierder.
"De belangrijkste is de opeenvolgende beschikbaarheid van capaciteit bij de netbeheerder en installatiepersoneel. Door de hoge ambitie van Nederland op het gebied van realisatie van laadinfrastructuur staan beide voortdurend onder druk."
"Op dit moment zijn wij bezig met de voorbereiding om nog een substantieel aantal laadpunten te realiseren voor het einde van dit jaar en hiermee ook in te lopen op onze planning."

Oardel jier wachtsje

Hans Brans en Katja Westra fan Weidum binne de ôfrûne oardel jier hielendal fêstrûn yn de oanfraachproseduere. "Kinst online sjen wat de status fan dyn oanfraach is. Wy ha yn it foarjier fan 2022 online in laadpeal oanfrege. Ik leau dat we yntusken by stap seis binne yn it proses fan goedkeuring", fersuchtet Westra.
Om dan synysk oan te foljen: "Der binne yn totaal alve stappen."
Der binne fjouwer betingsten dêr'tst oan foldwaan moast om yn oanmerking te kommen foar in publike laadpeal:
  1. Moatst minimaal 18 oere yn de wike wenje of wurkje yn de gemeente dêr'tst de laadpeal oanfregest.
  2. Moatst in elektryske auto ha, of sjen litte datst der ien kocht hast (bygelyks mei in keapkontrakt of eigendomsbewiis).
  3. Der mei noch gjin iepenbiere laadpeal wêze binnen 250 meter fan it oanfraachadres. Is dit wol sa, dan wurdt earst sjoen oft dizze peal in soad brûkt wurdt.
  4. Meist gjin mooglikheid ha ta parkearjen op in eigen oprit of bedriuwsterrein. Is dat wol sa, moatst sels in laadpeal regelje.
It stel hat te krijen hân mei flaters yn de oanfraach bûten harren eigen skuld om. En dêr kaam ek noch in beswierproseduere fan ien fan de omwenners oerhinne.
"En dêr is ek hielendal neat op tsjin hear", seit Westra. "Mar neidatst de oanfraach yntsjinne hast, kin it dus hiel lang duorje. Al dy tiid hast gjin idee hoe't it komt of wannear't it barre sil."
It stel hat no oan de sydkant fan harren hûs, yn de steech, sels in stopkontakt foar bûtendoar makke. Dêrmei kin de auto oplaad wurde. Ideaal is it net en eins is it yllegaal. Want om by de auto te kommen moat der in meterslange kabel troch de steech, oer de stoep en oer de dyk nei de parkearre auto lein wurde.
"Dat mei fansels net, want dêr kinne minsken oer stroffelje. Dêrom lizze wy op de stoepe in kleedsje oer de kabel hinne."
Deputearre Matthijs de Vries hat goeie hoop dat der takom jier 500 laadpeallen bykomme
Deputearre Matthijs de Vries begrypt de ergernis by Westra. Dochs leaut hy noch hieltyd yn it doel fan 700 nije peallen foar 1 jannewaris 2025.
"We ha wat problemen mei de produksje fan de laadpeallen hân. Der wiene te min chips beskikber. Dat is no foarby. Boppedat ha we ek te krijen mei personielskrapte, dat is wer in nij probleem, mar ik ha de oertsjûging dat it slagget."
We binne realistysk, it wurdt wol krap.
Deputearre Matthijs de Vries
It betsjut dat der yn de kommende trettjin moannen 500 peallen by komme moatte. Dat wylst der yn de ôfrûne santjin moannen dus mar goed 200 pleatst binne.
Wêr komt dat optimisme by de deputearre De Vries dan wei? "De ambysje is der, de oanfragen komme ek binnen. Wy krije ek sinjalen dat it mooglik is. Mar natuerlik binne wy ek realistysk, it wurdt wol krap."

Wêr binne de peallen pleatst?

Nei't de earste peal feestlik de grûn yn gie yn de simmer fan 2022, binne der 200 iepenbiere peallen bykaam. Dêrfan wiene der 160 oanfrege, de oare 40 binne op inisjatyf fan in gemeente pleatst. Dêrneist binne der nochris 250 oanfragen goedkard.
Op ûndersteande kaart is te sjen wêr't sûnt juny ferline jier 200 iepenbiere laadpeallen pleatst binne:
As der ein 2024 noch net genôch nije laadpeallen bykaam binne yn Fryslân, kin de provinsje de oerienkomst mei TotalEnergies mei in jier ferlingje.