14 oanjeften tsjin Woodbrookers yn 'e maak, mar wa is strafber?

Behannelsintrum Woodbrookers yn Koartehimmen
Behannelsintrum Woodbrookers yn Koartehimmen © ProNews
Der wurdt wurke oan yn elts gefal 14 oanjeften tsjin behannelsintrum Woodbrookers yn Koartehimmen. Dit docht bliken út in rûngong fan Omrop Fryslân. Mar in oanjefte dwaan tsjin in jeugdsoarchynstelling is net maklik.
De dossiers binne net kompleet, kommunikaasje mei plysje duorret lang en tsjin wa dogge je krekt oanjefte? It binne allegear saken dêr't de âld-kliïnten fan Woodbrookers no tsjinoan rinne om't se graach oanjefte dwaan wolle tsjin it behannelsintrum of meiwurkers dêrfan.
Nei oanlieding fan de misstannen op Woodbrookers, dat ûnder Jeugdhulp Fryslân falt, dogge der yn elts gefal 14 âld-kliïnten oanjefte.
Ut ûndersyk fan Omrop Fryslân docht bliken dat der op dit stuit 2 oanjeften lizze, mar dat noch 12 âld-kliïnten in oanjefte tariede.

Bernemishanneling

Sûnt de iepening fan Woodbrookers yn 2010 wie it gebrûk fan isolaasje en pineprikkels, lykas de bokkepoat en earm- en foetklem, ûnderdiel fan de wurkwize by Woodbrookers. Dêr binne se yntusken mei opholden.
Efter de slachboom by Woodbrookers
Efter de slachboom by Woodbrookers © Omrop Fryslân
Advokate Chris Sent stiet in âld-kliïnt by mei it dwaan fan in oanjefte. Neffens Sent soe dit falle ûnder bernemishanneling, as it thús barre soe.
"Maar als dit gebeurt in een instelling voor jeugdzorg, zou het ineens geen mishandeling meer zijn. Ik denk dat je dit als ouder niet zou moeten proberen, maar hier noemen we het zorg. Daarom hebben we aangifte gedaan."
Hans du Prie, ynterim-bestjoerder by Jeugdhulp Fryslân, stelt dat it eltsenien frij stiet oanjefte te dwaan. Ynhâldlik is him dêr neat fan bekend. Hy fynt it hiel spitich dat âlders yn sa'n relaasje ta de helpferlieners en de ynstelling kaam binne.
Du Prie stelt dat it giet om saken út it ferline, in tiid dy't Jeugdhulp Fryslân graach achter him litte wol, en dat der no hurd wurke wurdt oan ferbetteringen en nije behannelinisjativen. "Dat is werk in uitvoering." De dossiers dêr't de âld-kliïnten om freegje binne yntusken oerlange.
Alle negative berjochtjouwing leit in soad druk op it personiel, stelt Du Prie. "Mensen voor wie ik sta. Zij bieden dagelijks begeleiding aan jongeren met zeer complexe problemen. Zij vinden dit heel erg lastig. Juist omdat zij echt hard werken aan de nieuwe initiatieven."
Der wurdt ek kontakt socht mei âld-kliïnten. Dy wurde útnûge om te praten oer har ûnderfiningen en ek mei te tinken. Sa hopet Jeugdhulp Fryslân de soarch fierder te ferbetterjen.
Mar it dwaan fan oanjefte tsjin in jeugdsoarchynstelling is net maklik, sa sizze ferskate âld-kliïnten. Ien dêrfan is Daisy de Jong, dy't earder har ferhaal die by Omrop Fryslân.

Skea

Daisy wie tolve jier doe't se by Woodbrookers telâne kaam. Yn de fjouwer jier dy't se dêr sitten hat, hie se hast alle dagen te krijen mei in hurdhandige oanpak troch it personiel. Dêrtroch hat se mentale skea oprûn.
Daisy de Jong
Daisy de Jong © Omrop Fryslân
No't Daisy besletten hat om oanjefte te dwaan, seit se der mismoedich fan te wurden. It duorret foar har gefoel lang om de korrekte ynformaasje en it folsleine dossier boppe wetter te krijen by Jeugdhulp Fryslân.
Ek yn har kontakt mei de plysje wurdt tsijn har sein dat it noch wol even duorje kin, foardat se oanjefte dwaan kin: "Ik voel me zo in de steek gelaten. Ik wil gewoon aangifte doen", seit se. Nei in skoft wachtsjen koe se fan 'e moarn einlings har ferhaal dwaan oan de plysje.
Net allinnich Daisy, mar ek de oare âld-kliïnten rinne hjir tsjinoan. Yn in iepen brief rjochting Jeugdhulp Fryslân skriuwe se dat der guon binne dy't al oardel jier wachtsje op harren dossiers. As se dan wol in dossier krije, misse geregeld wichtige parten.

Ynstelling of persoan

Nei it krijen fan it folsleine dossier moat sjoen wurde oft de oanjefte rjochte wurdt op de ynstelling Jeugdhulp Fryslân of op persoanen.
Dat lêste kin dreech wêze om't der in hiel soad ferrin wie mei persoaniel by Woodbrookers. Mar ek omdat by 'assistinsjes', wêrby't in bokkepoat, earm- of foetklem brûkt waarden, altyd meardere persoanen by belutsen wiene.
Yn de brief fan de âld-kliïnten stiet dat sy ek de namme fan de belutsen meiwurkers opfrege ha by Jeugdhulp Fryslân, mar oant no ta neat ûntfongen ha.
De tagong ta Woodbrookers
De tagong ta Woodbrookers © ANP
In ynstelling ferfolgje kin, seit advokaat Bart Canoy. "Die kun je een geldboete geven. Dat gebeurt ook. Kijk maar naar grote bedrijven die vervolgd worden of bijvoorbeeld het Rembrandtmuseum in Amsterdam. Die heeft een aangifte gekregen in verband met discriminatie en belediging."
Advokaat Bart Canoy
Advokaat Bart Canoy © Omrop Fryslân
Mariëlle Bruning, heechleraar Jeugdrecht, stelt dat in útkomst wêze kin dat de strafrjochter him bûcht oer de saak. "Daar kunnen straffen of maatregelen worden opgelegd. In een strafprocedure kan een slachtoffer ook als benadeelde partij een schadevergoeding (materieel en immaterieel) eisen."

Earst in foarpetear

As de (âld-)kliint de ynformaasje byinoar hat, komt de plysje yn byld. Mar foar de oanjeften tsjin Woodbrookers hat it Iepenbier Ministearje foar in oare oanpak keazen. It hâldt earst ynformative petearen mei de (âld-)kliïnten.
"De gesprekken zijn bedoeld om helder te krijgen van welke incidenten de betrokkenen aangifte willen doen en of er sprake is van een vermoeden van een strafbaar feit of strafbare feiten. Alleen dan is er immers een rol weggelegd voor politie en justitie. Dit vergt een zorgvuldige afweging", seit de wurdfierder.
Neffens it Iepenbier Ministearje is dêrfoar keazen om't dit in komplekse saak is en dat se it dwaan fan oanjefte makliker meitsje wolle foar de (âld-)kliïnten.
It behannelsintrum yn Koartehimmen
It behannelsintrum yn Koartehimmen © ANP
"In deze zaak hebben we te maken met kwetsbare mensen. Dat maakt dat we het belangrijk vinden om het proces voor deze personen zo weinig mogelijk belastend te laten verlopen. Daarbij helpt vaak zo'n gesprek."

Wa is strafber?

Bruning kent gjin ferlykbere saken. It wurdt neffens har in nijsgjirrich fraachstik wat der barre sil mei de oanjeften. Strafrjochtlik kin it dreech wêze om it bewiis foar in strafber feit rûn te krijen, seit sy.
"Er moet dan sprake zijn van causaal verband tussen de handeling of gedraging en de schade voor het slachtoffer. Een causaal verband is eerder aan te tonen tussen bijvoorbeeld een groepsleider die geweld pleegt tegen een jeugdige, dan tussen een instelling/leidinggevende die niet direct zelf handelt."
Bruning seit dan ek dat sokke oanjeften noch net earder foarkaam binne. "Ik ken geen vergelijkbare zaken op dit gebied. Er is alle aanleiding voor het OM om hier heel minutieus naar te kijken. Het is een overheidstaak om kinderen te beschermen tegen geweld. Het lijkt me evident dat de genoemde zaken onder geweld en kindermishandeling vallen."

Skamte

Op 12 juny waard in rapport publisearre troch de Commissie Onderzoek naar Geweld in de Jeugdzorg. Dêr die út bliken dat der sûnt 1945 oant dat momint fysyk, psychysk en seksueel geweld foarkaam yn de jeugdsoarch.
In boerd by Woodbrookers
In boerd by Woodbrookers © Omrop Fryslân
Der is oant no ta gjin oanjefte dien. Bruning: "Ik denk dat dit voor een belangrijk deel te verklaren is doordat tot de jaren tachtig-negentig van de vorige eeuw geweld tegen kinderen eigenlijk als normaal werd gezien, nodig om kinderen op te voeden. Dit is nu langzaam gewijzigd."
Ien fan de redenen is skamte en skuldgefoel by de slachtoffers. Ek spilet in machtsferhâlding in grutte rol, seit Bruning.
"Vaak realiseren zij zich pas als volwassene dat het geweld onacceptabel was. Soms spelen dan ook verjaarstermijnen waardoor een strafbaar feit niet meer vervolgd kan worden. Deze verjaarstermijnen zijn bijvoorbeeld voor seksueel geweld in het afgelopen decennium aangepast zodat vervolging langer mogelijk blijft."