Omfytse hoecht aanst net mear: de Drachtster fytsbrêge is hast opknapt

fytsbrêge, Drachten
Wurk oan de fytsbrêge © Omrop Fryslân
Ynwenners fan Drachten kinne nei alle gedachten oan de ein fan dizze wike wer oer fytsbrêge De Slinger ride. De brêge is al sa'n fjouwer wiken ôfsletten fanwegen wurksumheden: der moasten trije 'tuien' ferfongen wurde.
"Tuien zijn kabels, draden", leit tafersjochhâlder Arnold Jansen út. "Die zorgen ervoor dat de pyloon, waar de brug aan hangt, op zijn plek blijft."
Dy tuien moatte op in bepaalde spanning stean en elts in part fan it gewicht fan de pyloan drage. Ut in yngreven kontrôle, dy't al yn 2020 útfierd waard, die bliken dat it gewicht ûngelyk ferdield waard.

"Brug in onbalans"

"Er zat verschil in de trekkrachten, waardoor de brug in onbalans raakt", neffens Jansen. "Dat kan in de toekomst een keer voor problemen zorgen en daarom vervangen we nu drie van deze tuien."
De krekte oarsaak fan it spanningsferskil is net bekend. "Het kan best eens gebeuren door ouderdom. Misschien is het ook bij de bouw gebeurd. Het is erg onduidelijk."
It wurk oan de ferneamde fytsbrêge yn Drachten is hast klear
Wie de brêge de ôfrûne jierren dan ûnfeilich? "Nee, beslist net", seit Arnold Jansen. "Dan had er in 2020 meteen actie moeten worden ondernomen. Dit is een voorzorgsmaatregel om schade in de toekomst te voorkomen."
fytsbrêge Drachten
fytsbrêge Drachten © Omrop Fryslân, Oane Hoekstra
De trije kabels binne yntusken ferfongen. Om dat mooglik te meitsjen, waarden tydlike tuien oanbrocht, dy't de krêften yn stân holden. De nije tuien kinne yn de takomst bysteld wurde. Dat moat foarkomme dat se by in eventueel spanningsferskil wer fernijd wurde moatte.

Mjittingen

Projektlieder Rob Sliedrecht hâldt it proses kontinu fan efter in skerm yn 'e gaten. Mei spesjale mjitapparatuer wurdt byhâlden oft de spanning op de tuien feroaret by de wurksumheden.
"De brug zou tijdens het vervangen instabiel kunnen worden. We moeten daarom de pyloon in de gaten houden", leit Sliedrecht út . "Aan de overkant van de weg is een camera neergezet, met allerlei meetapparatuur. Ik kan live zien wat er gebeurt met de brug tijdens de verschillende acties."
fytsbrêge, Drachten
De fytsbrêge yn Drachten © Omrop Fryslân
"Er is een aantal vaste punten aangebracht, dingen die normaliter niet bewegen. Als de punten opgenomen zijn, vergelijkt hij die met de meetpunten op de brug. Alle verschillen worden op de millimeter nauwkeurig weergegeven."

Ein fan de wike klear

Oant no ta bliuwe de ferskillen fier ûnder de feilichheidsmarzjes. As it waar it in bytsje talit, soe it wurk oan de ein fan de wike fierwei hinne klear wêze kinne. "Vorige week hebben we de werkzaamheden vanwege de harde wind en de regen nog tijdelijk stil moeten leggen", neffens de projektlieder.
As it goed is, kin de brêge oan de ein fan de wike dus wer iepensteld wurde foar fytsers. Sy moasten de ôfrûne wiken in ein omfytse.
Waar