Novimber hat noch noait sa wiet west: "De buien binne yntinsiver"

waar
In faakfoarkommend byld de ôfrûne moanne: Tjitske Wiebenga dy't rein foarseit © Omrop Fryslân
Oktober bruts al delslachrekôrs, mar novimber hat dêr noch in skepke boppe-op dien. De reinjassen en paraplu's makken de ôfrûne wiken oeroeren yn Fryslân.
Heal novimber wienen der twa grutdiels drûge dagen, mar fierder hat it sawat elke dei reind. Benammen de dei fan in soad Sinteklaasyntochten - 18 novimber - wie tryst. "Oan de ein fan de moarn foel de earste delslach", seit waarfrou Tjitske Wiebenga. "Dêrnei hat it de hiele dei troch reind. In soad yntochten foelen yn it wetter."
"De klap op de fjoerpylk kaam de dei dêrnei: op 19 novimber foel der yn Ljouwert hast 27 millimeter reinwetter. It gemiddelde fan de moanne is 73,8 millimeter."
It mei dúdlik wêze: dêr sitte we dizze kear bot oerhinne. Oant en mei de earste oeren fan 30 novimber is op it KNMI-stasjon fan Ljouwert 171,3 millimeter fallen. Dêrmei is it de wietste moanne novimber sûnt de delslach yn 1974 metten wurdt.

Tsien wietste novimbers yn Ljouwert sûnt 1974

Jier Delslach (mm)
2023 171,3
1992 152,8
1977 147,1
2015 133,4
1990 133,1
1996 129,5
2009 125,1
2000 111,8
2013 106,5
2001 103,5
Dat it in ekstreem wiete moanne is, blykt ek út it feit dat it Woudagemaal op 'e Lemmer dizze moanne op folle toeren draaide. Uteinlik stie it gemaal hast oardel wike ûnder stoom, dat gebeurt mar hiel selden.
Mear reinwetter is ien fan de ferskynsels dy't hearre by klimaatferoaring. "De buien dy't falle, binne faak yntinsiver", fertelt Wiebenga. "Dat wie ek sa op 7 novimber: doe wienen de drippen sá dik, se foelen leadrjocht nei ûnderen ta. Yn koarte tiid falt der dan in hiel soad reinwetter. Sa stie berneboatershal de Naturij yn Drachten folslein ûnder wetter."
anp
It Woudagemaal ûnder stoom © ANP
Mei kollega's hat Wiebenga it ûnderling ek even oer de dikke buien fan 7 novimber hân, dy't yn it súdeasten fan de provinsje op guon plakken foar oerlêst soargen.

Karakter fan in tropyske bui

"Dat koe wolris in tropyske bui west ha, seinen we tsjin elkoar. Dat gebeurt simmerdeis wolris, mar sá let yn jier komt minder faak foar. It foel gewoan op: it hie de yntinsiteit en it karakter fan in tropyske bui."
It hat ûnder oare te krijen mei de relatyf hege temperatuer fan it seewetter. "Dat ferdampt en dan is der mear focht yn omrin as gewoan."
Winterske tonger is folle gefaarliker as yn de simmer.
Waarfrou Tjitske Wiebenga
It relatyf waarme seewetter yn kombinaasje mei kâlde boppeloften kin ek de oarsaak wêze fan winterske tonger. "Dy ferskillen yn temperatuer binne dizze tiid fan it jier hiel grut, sa ûntstiet der tonger."
Dat koe derfoar soargje dat der ôfrûne freed in bliksemynslach yn de mûne fan Holwert wie. "Winterske tonger is folle gefaarliker as yn de simmer, want de wolkebasis sit folle tichter op de ierde. Simmerdeis hast mear ûntladingen dy't fan wolk nei wolk geane. Mar omdat de wolken no leger hingje, giet de ûntlading faker nei de ierde ta."
Wiebenga foarseit dat de earste dagen fan desimber lykje op de lêste dagen fan novimber: de drûge mominten oerhearskje mei in soad romte foar de sinne..