Kuierje oer it Ziltepad: de wei nei in oare wrâld mei in duorsume takomst

Zef Hemel
Zef Hemel © Omrop Fryslân
Je soenen it net fuort tinke, mar kuierje is echt in radikale aktiviteit. In bewegingsfoarm dy't in hiel oare wrâld iepenet. Dat stelt Zef Hemel, heechlearaar 'revitalisering stad en platteland'. Hy is derfan oertsjûge dat we allinnich troch te kuierjen ta in duorsume maatskippij komme kinne.
Dat seit de heechlearaar yn de FryslânDOK 'It smelle paad'. Yn dizze dokumintêre wurdt sjoen oft it lânskip fan Noard-Nederlân miskien it perfekte plak is foar in lange pilgrimsrûte.
Ommers: in leech en soms rûch lân, dêr't romte en stilte te finen binne lykas nearne oars yn Nederlân. Boppedat leit der in netwurk fan lytse tsjerkjes dêr't pilgrims har besinne kinne en dêr't se sliepe kinne.
Sjoch hjir nei de FryslânDOK 'It smelle paad':
Dat besef fan dy ferbining tusken tsjerken, lânskip en kuierjen brocht de Stichting Alde Fryske Tsjerken en de Stichting Oude Groninger Kerken derta om te ûndersykjen oft der net in mooglikheid is om al dy tsjerkjes mei elkoar te ferbinen. Sa kin der ien lange pilgrimsrûte komme, fan Noard-Hollân fia Fryslân nei it easten fan Grinslân ta.
It 'Ziltepad', waard de rûte dope, omdat it paad lâns it kustgebiet rint dêr't sâlt en swiet wetter elkoar reitsje. Ofrûne hjerst is úteinset mei in pilotprojekt, wêryn't in part fan it takomstige Ziltepad berûn waard troch leafst 500 'proefkuierders'.
It smelle paad wurdt útstjoerd by NPO2 op sneon 9 desimber om 15.30 oere en op snein 10 desimber by Omrop Fryslân om 17.00 oere.
Kuierders yn it Hogeland
Kuierders yn it Hogeland © Omrop Fryslân
It proeftrajekt rûn fan Eastrum fia Lauwerseach nei Vierhuizen en Hornhuizen yn Grinslân. En oan de animo foar dizze pilot te sjen, is der in soad belangstelling foar sa'n pilgrimsrûte.
Kuierders koenen fan it iene nei it oare plak rinne of in rûntsje meitsje mei start en finish yn itselde doarp. Ite en sliepe yn it doarp of yn tsjerke hearde ek ta de mooglikheden.
Beide organisearjende stichtingen hoopje op dizze wize in ympuls te jaan oan it saneamde 'besinningstoerisme', mar hoopje boppe-al dat de tsjerkjes yn de doarpen op dizze wize in moaie nije funksje krije en in belangryk plak yn de maatskippij hâlde kinne.
It Ziltepad rint lâns 'de ruige randen van het Noorden'
It Ziltepad rint lâns 'de ruige randen van het Noorden' © Omrop Fryslân
Foar dit idee krije se alle lof ta swaaid fan Zef Hemel. Hy is ferbûn oan de Rijksuniversiteit Groningen en beklaait dêr de Abe Bonnema-learstoel. Hemel sil fiif jier lang op syk nei nije ferhalen foar Noard-Nederlân, dy't dizze regio helpe moatte om de takomst foarm te jaan.
De heechlearaar hat him foarnaam om dat sykjen foaral kuierjend te dwaan. Sûnt er ferline jier begûn is mei syn ûndersyk, rint er in pear dagen yn de wike troch Fryslân, Grinslân en Drinte. Soms allinnich, mar faak yn selskip fan minsken mei wa't er ideeën útwikselje kin.
De tsjerke fan Vierhuizen
De tsjerke fan Vierhuizen © Omrop Fryslân
Hemel is ferslingere rekke oan it kuierjen. Net allinnich omdat it goed is foar syn fysike en mentale sûnens. Hy is derfan oertsjûge rekke dat kuierjen krusjaal is foar ús fuortbestean.
"Omdat we alleen wandelend de verbinding voelen met de grond en het landschap waar we ons doorheen bewegen. En die verbinding is nodig voor een duurzame toekomst", sa stelt Hemel.
Kuierje by de Lauwersmar del
Kuierje by de Lauwersmar del © Omrop Fryslan
"Je krijgt weer echt gevoel voor geschiedenis als je door het landschap wandelt", seit Hemel. "Heel gek is dat. Het emotioneert, die geschiedenis, als je door het landschap loopt."
Neffens de heechlearaar spylje tsjerken dêr in wichtige rol yn. "Daar zoek ik wel houvast. Niet omdat ik religieus wil worden, maar als bestudeerder van de toekomst wil ik weten welke antwoorden religies verzinnen."
Kuierders
Kuierders © Omrop Fryslân
Mar Zef Hemel leaut foaral yn it kuierjen. "Rondom dat lopen zit een heel andere wereld, die heel anders in elkaar zit dan de wereld van snelheid en moderniteit. Het landschap kan niet zonder dat lopen, anders wordt het een soort kijklandschap", seit er.
"Maar als je je er echt doorheen beweegt in dat trage tempo, dan wordt het landschap weer dramatisch en krijgt het betekenis. Dan wordt het iets dat je vervult en krijg je een heel andere waardenstelling, van waaruit je dat landschap kunt opbouwen."
Syn stelling is dat je dan by in duorsume takomst útkomme. "Die andere route via economie en hogesnelheid, daarmee kom je niet bij duurzaamheid. Maar met wandelen wel."