"It liket Bach wol!" FryslânDOK sketst portret fan Aggie van der Meer

Aggie van der Meer
Aggie van der Meer © Omrop Fryslân
Se skreau oer de macht, oer religy, oer klimaat, oer oarloch... eins oer alles dêr't de maatskippij op wêzentlike krúspunten stiet. Fan de ôfrûne ferkiezingsútslach soe se grif fan alles fine en der graach striidber oer skriuwe wolle. Mar Aggie van der Meer makke it net mear mei.
Ofrûne simmer ferstoar se, yn de âldens fan 95 jier. Dêrmei kaam in ein oan it libben fan in frou dy't sa fol siet mei gefoel foar rjochtfeardigens, dat har libben foar in grut part yn it teken stie fan aktivisme, prate en skriuwe oer wat der better kin of moat yn de wrâld.
Sjoch hjir nei de FryslânDOK oer Aggie van der Meer:
Foar har literêre wurk - Aggie skreau likegoed proaza as poëzij - krige Van der Meer yn 2019 de Gysbert Japicxpriis, de heechste literêre ûnderskieding yn dizze provinsje. Nei oanlieding dêrfan makke FryslânDOK doe in portret fan har.
Skrinende ferealens wurdt útstjoerd by NPO2 op sneon 2 desimber om 15.30 oere en op snein 3 desimber by Omrop Fryslân om 17.00 oere.
Krekt 2019, doe't se lauwere waard, stie foar Aggie persoanlik yn it teken fan tsjinslach. Se krige fysike tebeksetters en moast har hûs dêr't se oant dy tiid selsstannich wenne, ynruilje foar in plak yn in fersoargingshûs. Har sicht en gehoar waard minder en de mobiliteit naam ôf.

Selsstannichheid

Mar Aggie soe Aggie net wêze as se dêr net striidber mei omgean soe. Se gong troch mei skriuwen, se nûge minsken út om mei yn petear te wêzen oer maatskiplike saken. En foar har kuiers troch har berteplak Boalsert fûn se in kreative oplossing: achter op har rolstoel hong se de tekst 'duwen mag'.
Dêrmei nûge se foarbygongers út om har in eintsje troch de stêd te triuwen en sa in petear oan te gean.
Aggie van der Meer lit har triuwe yn de rolstoel
Aggie van der Meer lit har triuwe yn de rolstoel © Omrop Fryslân
De FryslânDOK Skrinende ferealens toant in kwetsbere frou, by wa't it fjoer lykwols noch like fûl baarnt as it om maatskiplike kwestjes giet. Se skreau noch altyd ferhalen oer de macht, se makke prachtige gedichten en filosofearre oer it libben.
Histoarje, religy, sosjaal-maatskiplik, de hiele mikmak sit soms yn ien sin. En dan hast noch mar ien sin. It liket Bach wol!
Komponist Hoite Pruiksma oer de teksten fan Aggie van der Meer
Utjouwer Ernst Bruinsma hold altyd kontakt mei har en sammele de teksten dy't se skreau. Komponist Hoite Pruiksma makke graach muzyk op har teksten: "Histoarje, religy, sosjaal-maatskiplik, de hiele mikmak sit soms yn ien sin. En dan hast noch mar ien sin. It liket Bach wol!", seit er oer it skriuwen fan Van der Meer.
Muzyk op de teksten fan Aggie van der Meer
In koar sjongt de teksten fan Aggie van der Meer © Omrop Fryslân
Programmamakker Bart Kingma hold nei de útstjoering kontakt mei Van der Meer. "Ien kear yn de safolle tiid efkes in kop kofje by har drinke en prate oer de maatskippij. Aggie hold der net fan om te fertellen oer harsels, ek al krige se stadichoan mear lêst fan kwalen."

Prate oer de maatskippij

"Dat die se leafst yn in pear wurden ôf, om dan gau te freegjen nei myn miening oer wat der geande wie yn de wrâld", seit Kingma.
"Wat ik fûn fan de wrâld, dat keppele se oan wat se fan oare besite hearde en wat se sels tocht, en sa hienen we altyd wer in moai petear oer alles dêr't se har drok oer makke. De lêste jierren wienen dat foaral de klimaattema's."
"Mar ek ferdraachsumens fan minsken, en it sykjen nei nije perspektiven foar de maatskippij. Se koe mar min oer de ûnferskilligens dy't se by in soad minsken seach. Aggie socht altyd nei de foarútgong en dy te berikken. It is echt seldsum dat minsken op dy leeftyd noch sa ynspirearjend foar oaren wêze kinne", seit Kingma.
Aggie van der Meer mei útjouwer Ernst Bruinsma
Aggie van der Meer mei útjouwer Ernst Bruinsma © Omrop Fryslân
Ofrûne simmer gie it fierder achterút, en op 12 augustus ferstoar Aggie van der Meer. In grut persoanlik ferlies foar har bern, oare famylje en neisten. Mar ek in ferlies foar de maatskippij.
Kingma: "De ôfrûne twa wiken haw ik geregeldwei eefkes oan har tocht. Wat soe se fine fan de ferkiezingsútslach? Ja, se wie progressyf en moast neat ha fan rjochtskonservatisme. Mar dêr hold har tinken net mei op."
"Se die werklik har bêst om te begripen wêrom't minsken har dy kant op bewege, se hie each foar de swierrichheden fan minsken, dy't soargje foar teloarstelling en ôfkear. Aggie hie grif djip neitocht oer dizze ferkiezingsperioade, soe in analyze ha fan de útslach; mar boppedat soe se betinke hoe't it no fierder moat. Ik hie har der graach oer hearre wollen."