Judoka Natascha Ausma wie hast blyn troch seldsume ynfeksje: "It wie hiel eangstich"

Natascha Ausma
Natascha Ausma © Natascha Ausma
Judoka Natascha Ausma mist de Olympyske Spelen fan kommende simmer. Mar, dat is foar har allegear efkes fan ûnderskikt belang.
It is nammentlik noch mar twa moannen lyn dat de Lippenhúster hast blyn wie. Se seach mei ien each noch mar 30 persint troch in parasyt. "It is in bistje dat troch dyn hoarnflues hinne giet en yn dyn each sitten giet", leit Ausma út.
Der binne sa'n 30 minsken yn it jier dy't der lêst fan krije. "Dus dat wie wol efkes skrikke", fertelt Ausma yn har wenplak Bemmel, tusken Nijmegen en Arnhem. It is in handige útfalsbasis, sjoen dat de trainings mei de nasjonale judoseleksje yn Papendal binne.
Yn Bemmel wennet Ausma tegearre mei har freon Yanick. Dêr wie it ek dat se der foar it earst efter kaam dat der wat mis wie mei har rjochtereach.

Swimme yn de simmer

Foar de oarsaak moatte we werom nei de ein fan ôfrûne simmer. It wie in moaie dei mei sinneskynwaar, wêrop't Ausma besleat om efkes te swimmen yn it bûtenwetter. "De oare deis koe ik myn each eins net mear iepen dwaan. En de folgjende dei hie ik lêst fan it ljocht."
Ik ha wol fiif wiken thússitten mei de sinnebril op en de gerdinen ticht.
Natascha Ausma
Se waard fuortendaliks trochstjoerd nei de eachdokter, mar better gie it net. Sterker noch: it waard allinnich noch mar minder. "Ik hie der in soad pine oan. Ik koe net nei in telefyzje of in boek ofsa sjen. Kinst net funksjonearje as der safolle ferskil sit tusken dyn eagen."
It wie sels sa slim dat Ausma oerdeis net mear bûten kaam. Allinnich jûns as it tsjuster wie, gie se noch wolris in blok om. "Ik ha wol fiif wiken thússitten mei de sinnebril op en de gerdinen ticht. It wie hiel ûnwis."
Dat by in part fan de minsken it sicht net weromkomt, soarge foar noch mear ûnwissichheid. "Ast net op tiid startst mei de terapy, hast kâns om permanint blyn te wêzen. It gie hieltyd minder, dus it wie hiel eangstich. Ik wie benaud dat ik blyn wurde soe", jout Ausma ta.
De eachynfeksje wie dúdlik te sjen by Natascha Ausma
De eachynfeksje wie dúdlik te sjen by Natascha Ausma © Natascha Ausma
Yn de tiid dat Ausma thússit, makket se alle dagen wat skjin yn 'e hûs om dochs mar it gefoel te hawwen dat se harsels nuttich makket.
Dêrtroch hâldt se it noch wol fol. Oant de man mei de hammer op in dei dochs delkomt. "Doe tocht ik: wat bin ik eins oan it dwaan? Wêrom soe ik fan bêd ôf gean as ik dochs neat doch en dan wer op bêd gean?"

Koskippen

Nei sa'n fiif wiken thússitte, fernimt de 27-jierrige judoka dat it wer wat better giet. Stapke foar stapke giet se foarút. Op in bepaald momint kin se wer nei bûten sûnder sinnebril.
Gelokkich foar Ausma genêst it each sa goed, dat it sicht yntusken wer foar 90 persint werom is. Foar har stúdzje genêskunde rint se koskippen by in húsdokter en dat hat se yntusken ek wer oppakt. Nei alle gedachten herstelt it each wer hielendal.
Natascha Ausma yn bettere tiden: in jier lyn waard se Nederlânsk kampioen
Natascha Ausma yn bettere tiden: in jier lyn waard se Nederlânsk kampioen © ANP
Twa wiken lyn hat Ausma de judotraining ek wer stadichoan oppakt. Earst mei krêft- en kondysjetraining en dan hopet se ynkoarten wer op Papendal los te kinnen. "It wie wol wennen om wer op te bouwen. En ik fûn it best wol spannend om werom te gean. It koste in hiel soad enerzjy."

Gjin Spelen yn Parijs

Wis is dat der in streek stiet troch pleatsing foar de Olympyske Spelen fan kommende simmer yn Frankryk. It ôfrûne jier hie Ausma har dêrfoar kwalifisearje moatten, mar troch de eachynfeksje en dêrfoar in rêchblessuere hat se kwealik toernoaien judowe.
Yn eltse gewichtskategory mei Nederlân mar ien judoka stjoere en yn de klasse fan Ausma (ûnder de 78 kilogram) wurdt dat nei alle gedachten Guusje Steenhuis.
Ausma hat har dêr by dellein. "Mocht Guusje dochs noch útfalle, dan lit ik alles falle en sil ik mysels klear stome foar de Spelen. Mar op dit stuit is dy kâns sa lyts, dat ik earst myn stúdzje ôfmeitsje wol."
Ik soe miskien noch wol in jier trochgean wolle, sadat ik it noflik ôfslute kin foar mysels.
Natascha Ausma
As alles goed giet, is se yn augustus klear mei de stúdzje genêskunde. Dan sille we har faker yn in wite doktersjas sjen as yn in wyt judopak.
Want Ausma is net fan doel om wer in hiele olympyske syklus fan fjouwer jier yn te gean, ek al is se noch mar 27 jier âld. "Ik soe miskien noch wol in jier trochgean wolle, sadat ik it leuk ôfslute kin foar mysels. Ik soe it spitich fine as dit de ein wie, want dan is it wat rommelich ôfsluten."